De Reis fan Sint Brandaan

(Trochferwiisd fan Van Sente Brandane)

De Reis fan Sint Brandaan, yn it oarspronklike Midnederlânsk: Van Sente Brandane of De Reis van Sint Brandaen, is in gedicht dêr't in stikmannich anonime skriuwers út 'e tolfde en trettjinde iuw efterinoar oan wurke hawwe, oer de legindaryske seereis fan 'e Ierske tsjerkfaar en hillige Brendan (of Brandaan) fan Clonfert484577), deselde nei wa't û.m. de Brandaris, op Skylge, neamd is. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard yn 2012 útjûn as ûnderdiel fan 'e bondel Sint Brandaan yn Fjouwerfâld.

De Reis fan Sint Brandaan
algemiene gegevens
oarspr. titel Van Sente Brandaan
auteur anonimus
taal Midnederlânsk
foarm poëzij
sjenre epos
skreaun 12e en 13e iuw
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Reis fan Sint Brandaan
publikaasje 2012, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 978-9 08 95 44 254

Van Sente Brandane, ek wol bekend as De Reis van Sint Brandaen, is in ferhaal yn it Midnederlânsk yn berime foarm, mei 2.288 fersregels, dat syn oarsprong fûn yn it tolfde-iuwske Rynlân, yn in gebiet dat no ûnderdiel fan Dútslân útmakket, mar dêr't doe in taal (of eins in groep dialekten) sprutsen waard dy't tichter by it Nederlânsk stie as by it Heechdútsk. It is oerlevere wurden yn twa hânskriften, it Comburchske hânskrift en it Hulthemske hânskrift. It Comburchske hânskrift tanket syn namme oan it eardere Súddútske Ritterstift Comburg am Kocher, dêr't tsjintwurdich de Württembergische Landesbibliothek fêstige is en dat no ûnderdiel foarmet fan 'e stêd Stuttgart.

Dit manuskript moat tusken 1350 en 1410 skreaun wêze troch teminsten sân ûnderskate skriuwers, en omfettet net inkeld Van Sente Brandane, mar teffens seis oare dicht- en proazawurken, mei dêrûnder Van den Vos Reynaerde. It Hulthemske hânskrift is neamd nei in eardere eigner derfan, de Gintske boekeman Karel van Hulthem (1764-1832), dy't it yn 1811 op 'e kop tikke op in feiling fan 'e besittings fan in Brusselske notaris. Nei syn dea kaam it yn 1838 yn 'e hannen fan 'e Koninklijke Bibliotheek te Brussel. It Hulthemske hânskrift is om 1410 hinne kopiëarre fan in earder, nei't men oannimt, tolfde-iuwsk orizjineel. It befettet allinne mar Van Sente Brandane, mar trije siden derfan binne weiwurden of sa slim skansearre dat se ûnlêsber binne.

 
Sint Brandaan yn Fjouwerfâld, de Fryske oersetting fan fjouwer Midsiuwske teksten oangeande Sint Brandaan, wêrûnder De Reis fan Sint Brandaan.

Oarspronklik wie de leginde oer de reis fan Sint Brandaan, sa't dat optekene wie yn it Latynske proazaferhaal de Navigatio Sancti Brendani Abbatis, bedoeld foar kleasterlingen, dy't de reis opfetsje koene as byldspraak foar de drege geastlike ûntjouwing dy't fan har ferwachte waard. Mei de berymde ferzje yn 'e folkstaal krige it ferhaal yn 'e tolfde iuw in nij doel, nammentlik om by in breder publyk ûntsach te wekjen foar de skepping fan God en dúdlik te meitsjen dat sels foar de slimste sûnders ferjouwing noch altiten mooglik is. Nei de Reformaasje, ta ein beslút, tsjinne it fral om oan te tsjutten hoe goederleausk oft "dy roomske papen" wol net wiene.

Brandaan, dy't abt is fan in withoegrut Iersk kleaster, lêst yn in âld boek alderlei dingen dy't him net oan wolle: in oare wrâld ûnder dizze, twa paradizen, mearderlei himels, in bosk dat in fisk op 'e rêch groeit, ensfh. Lulk en wrokkerich ferbaarnt er it leageneftige boek, mar dan ferskynt him in ingel, dy't him hjit hy sil in seereis ûndernimme om sels út te finen wat wier is en wat net. Dêrop doarmet Brandaan mei syn selskipslju njoggen jier lang oer de oseaan, wylst se fan it iene aventoer yn it oare belânje en har ûnderwilens besauwe oer de nuvere dingen dy't se sjogge en ûnderfine. De nuodlike reis bringt harren by in fisk dy't in eilân op 'e rêch draacht, in ierdsk paradys, de ferrieder Judas dy't altemets eefkes lins kriget fan syn straf yn 'e hel, en gean sa mar troch. It wurdt Brandaan dan dúdlik dat de skepping net te befiemjen is en dat Gods genede grutter is as dat er ea tocht hawwe koe. Nei njoggen jier blykt it lochboek dêr't er syn eksploaten yn optekenet fol te wêzen, dat dan keart er mei skip en bemanning werom nei Ierlân. As er wer feilich thús rekke is, draacht er it boek op oan God en stjert gaueftich dêrnei. Syn siel wurdt ophelle troch de aartsingel Michael, wat in bûtenwenstich grutte eare is.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan Van Sente Brandane ferskynde yn 2012 ûnder de titel De Reis fan Sint Brandaan, as ûnderdiel fan 'e bondel Sint Brandaan yn Fjouwerfâld (yn 'e mande mei It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan, It Gebed fan Sint Brendan en De Seereis fan de Hillige Abt Brendan,) by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, dy't him dêrby basearre op 'e útjefte fan Van Sente Brandane fan Maartje Draak, út 1949.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: