Waalske Tsjerke (Amsterdam)

De Waalske Tsjerke (Frânsk: Église Wallonne) is in tsjerke yn it súdlike diel fan 'e Oudezijds Achterburgwal yn Amsterdam. Eartiids waard de tsjerke ek wol de Frânske Tsjerke, de Walentsjerke of Alde Waalske Tsjerke neamd. Alle sneinen om 11:00 oer wurdt der in Frânsktalige tsjerketsjinst holden. Ek wurde der konserten en muzykopnames organisearre; de tsjerke hat in bysûnder goede akûstyk.

Waalske Tsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Amsterdam
adres Walenpleintje 159
koördinaten 52° 22' N 4° 53' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt û.o. Hendrick de Keyser
boujier 1496, 1661
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 6498
Webside
hiemside gemeente
Kaart
Waalske Tsjerke (Amsterdam-Binnenstêd)
Waalske Tsjerke

Sûnt 1970 is de Waalske Tsjerke in ryksmonumint.

 
Waalske Tsjerke mei de noch yntakte kleastergebouwen (datum net bekend).

Fan oarsprong is de Waalske Tsjerke de roomske kapel fan it Sint-Paulusbruorrekleaster. De earste kapel fan it kleaster waard yn 1409 boud, mar nei alle gedachten by de stedsbrân fan 1452 ferneatige. Yn 1493 krige it kleaster de tastimming in nije kapel te bouwen, dy't trije jier letter ynwijd waard. Nei de ynfiering fan 'e reformaasje yn Amsterdam yn 1578 waard de kapel yn beslach nommen en ynearsten as pakhûs brûkt. Yn 1586 waard de kapel oan 'e Frânsktalige protestanten út de Súdlike Nederlannen en Frankryk oerdroegen. It wie ien fan 'e 15 Waalske tsjerken dy't allinne al yn it tiidrek 1571-1590 ûntstiene.

Yn 1616 krige de tsjerke in ekstra tagong oan 'e noardlike kant mei in poarte oan 'e Oude Hoogstraat fan Hendrick de Keyser. Om't begraffenissen troch dy poarte gyngen is de poarte mei deadskoppen fersierd. It klassisistyske poartsje oan 'e gevel datearret fan 1647.

De tsjerke bestie ynearsten út it middenskip en it noardlike sydskip, mar waard yn 1661 útwreide mei in súdlik skip. Nei't it Edikt fan Nantes werom draaid waard, flechten mear hugenoaten nei Nederlân, sadat de Waalske gemeente fan Amsterdam hiel hurde groeide. Doe waarden der oan trije kanten galerijen ynbrocht. Mar likegoed wie de tsjerke noch te lyts en dêrom waard yn 1719 oan 'e Prinsengracht in twadde tsjerke boud, de Nije Waalske Tsjerke. Om de twa tsjerken fan inoar te ûnderskieden waard de Alde Waalske Tsjerke Grande Église neamd en de Nije Waalske Tsjerke Petite Église.

 
Ynterieur

Oare ferbouwingen waarden yn 1816 en 1891 utfierd en doe binne de galerijen wer ôfbrutsen.

Yn 'e jierren 1990-1992 waard de tsjerke restaurearre. Ek krige de tsjerke in nije fundearring, dy't nedich wie nei't de bou fan in nije gevel yn 1885 fersakking feroarsake. By dy restauraasje waarden sa'n soad grêfstiennen fûn, dat de betonnen flier ferwidere waard om plak te meitsjen foar in nije, selsdragende flier mei in eigen fundearring. Ek waard doe it balkon wer yn 'e oarspronklike steat rekonstruearre.

It plein foar de tsjerke dat yn 'e folksmûle it Walenpleintje neamd waard, krige yn 1976 dy namme offisjeel.

 
Oargel.

Yn 1680 krige de tsjerke foar it earst in oargel, dat troch de oargelmakker Nicolaas Langlez út Gint boud waard. Der waard yn 'e rin fan 'e tiid in soad oan it oargel reparearre en feroare, oant Christian Müller yn 1733 de opdracht krige om efter de âlde oargelkas in hiel nij oargel te bouwen. In jier letter koe it oargel yn gebrûk nommen wurde en it is hjoed-de-dei ien fan 'e bêst bewarre ynstruminten fan Müller. Yn 'e rin fan 'e tiid waard it oargel oanpast, mar yn 'e jierren 1960 folge by in restauraasje de rekonstruksje fan it âlde oargel troch Ahrend & Brunzema. In nije restauraasje folge yn 1993 en yn 2000 binne de wynlade en de frontpipen fan it rêchwurk troch Henk van Eeken út Herwijnen restaurearre.

  • Yn 'e trijskippige tsjerke lizze û.o. de skilder Bartholomeus van der Helst (1613-1670) en wittenskipper Jan Swammerdam (1637-1680) begroeven.
  • Op 12 oktober 1755 skeat in Frânske bakkersfeint út wraak mei syn gewear by in tsjinst op 'e dûmny, om't dy op fersyk fan 'e heit fan in famke dêr't er fereale op wie, meiholpen hie om in ein te meitsjen oan 'e relaasje. De dûmny waard net deadlik troffen, mar foel fan skrik fan 'e preekstoel en rekke dêrby ferwûne oan 'e holle. De bakkerfeint waard oppakt en krige in jierrenlange finzenisstraf. De kûgelgatten yn 'e preekstoel en de pylder dêrnjonken binne by de restauraasje fan 'e jierren 1990 weiwurke.
  • Elizabeth Timothy (1702-1757), de earste froulike Amerikaanske kranteredakteur en -útjouwer, waard mooglik yn 'e tsjerke doopt. * In bekend dûmny fan 'e Waalske Tsjerke wie Marie Adrien Perk, dy't dêr yn 'e jierren 1872-1900 preke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Waalse Kerk (Amsterdam)