Wapen fan Aldskoat
It wapen fan Aldskoat is it wapen fan it doarp Aldskoat, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn 2017 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Dield: I. yn blau in iketûkje mei in ikel yn de top en lofts en rjochts in blêd, ûnder beselskippe fan in leelje, alles fan sulver; II. yn goud in steigerjend swart hynder; yn de skyldfoet in skânsdwinger, fan goud op it blau en fan read op it goud.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, sabel (swart), goud en kiel (read).
Symbolyk
bewurkje seksje- Blauwe fjild: oernomme út it wapen fan Skoatterlân, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Aldskoat wie it haadplak fan Skoatterlân.
- Gouden fjild: symboal foar de sângrûn wêr't it doarp op leit.
- Leelje: oernommen út it wapen fan Skoatterlân.
- Twadieling wapen: stiet foar de ferdieling fan it doarp troch de A32.
- Iketakke: ferwiist nei de bosken noardeastlik fan it doarp.
- Hynder: symboal foar de Skoattermerke. Ek stiet it hynder op de wynwizer fan de Skoattertsjerke fan Aldskoat en ek ferwiist it hynder nei it agraryske karakter fan it doarp.
- Skânsdwinger: ferwiist nei de skâns dy oanlein is as ûnderdiel fan de Fryske Wetterliny. Dizze skâns is diels read kleure om oan te jaan dat it gefaar foar Fryslân út it súdeasten kaam.