Wapen fan Augsbuert-Lytsewâld
It wapen fan Augsbuert-Lytsewâld is it wapen fan it doarp Augsbuert-Lytsewâld, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in griene rjochterskeanbalke, beladen fan boppe nei ûnder mei in rjochtopsteande fisk, in roas en it rjochtopsteande fisk, alles fan sulver, mei in reade kantiele skyldseam.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), sulver en kiel (read).
Symbolyk
bewurkje seksje- Kantiele skyldseam: symboal foar de eardere Clantstate.
- Gouden fjild mei griene skeanbalke en fisken: oernommen út it wapen fan de Grinslânske famylje Clant dy de Clantstate bewenne en dat twa grytmannen fan Kollumerlân en Nijkrúslân besoarge.
- Roas: oernommen út de wapens fan de famyljes Roorda en Fan Aylva dy ek de Clantstate bewenne ha en foarkaam as grytmannen.
-
It wapen fan de famylje Clant.
-
It wapen fan de famylje Fan Aylva