Augsbuert-Lytsewâld

Augsbuert-Lytsewâld (Standertfrysk: Lytsewâld; Grinslânsk: Lutjewolde; Nederlânsk: Augsbuurt of Lutjewoude) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Augsbuert-Lytsewâld leit noardeastlik fan Bûtenpost, súdeastlik fan Kollum en westlik fan Boerum. De doarpskearn leit oan de Lytsewâld en Trekwei.

Augsbuert-Lytsewâld
Tsjerke
Tsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 80 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,41 km², wêrfan:
- lân: 4,38 km²
- wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 19 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 16' N 6° 9' E
Offisjele webside
FB-side Augsbuert-Lytsewâld
Kaart
Augsbuert-Lytsewâld (Fryslân)
Augsbuert-Lytsewâld

De buorskip Stienharst heart ek by Augsbuert-Lytswâld.

Augsbuert-Lytsewâld hat 80 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

It doarp is fan midsiuwske oarsprong en kaam yn 1654/1656 oan de doe groeven Strobosser Trekfeart tusken Dokkum en Strobos te lizzen.

Augsbuert-Lytsewâld hearde oant de gemeentlike weryndieling yn 2019 by de gemeente Kollumerlân.

 
Clantstate (1723)

De namme Clant is foar it earst oan de eartiidske state ferbûn, doe't Claes Clant him kocht yn 1536. Foar dy tiid hjitte er Harkema Heerd en dy namme waard foar it earst yn 1463 neamd. Claes Clant waard grytman fan Nij-Krúslân yn 1542 en letter fan Kollumerlân en NK oant 1569. Op de state wennen doe noch wol Harkema's. De sate waard letter troch de famyljes Roorda, Van Scheltema en Van Aylva bewenne. Nei alle gedachten is de state koart foar 1650 opnij boud; oanwizings derfoar jout ek de tekening fan J. Stellingwerf út 1722.[3]
Reizgers dy't troch de Strobosser Trekfeart fearen hiene it oer in bysûnder gebou. Yn 1757 waard Clantsate of de Augsboarch ôfbrutsen.

  De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Augsbuert-Lytsewâld.

De eardere herfoarme tsjerke is it meast yn it each rinnende gebou yn Augsbuert-Lytsewâld. Op it plak fan de tsjintwurdige tsjerke stie yn 1347 al in kapel. It tsjerkje is boud yn 1782. De toer is lykwols fan resintere datum: 1917. Doe is der ek in nije klok getten as ferfanging fan it troch Jurjen Balthasar getten eksimplaar, mar hy is yn de oarloch yn de raantsjettel bedarre. Yn 1976 is de tsjerke renovearre en is der boukundich ûndersyk dien.[4] Yn de tsjerke binne in twatal roubuorden fan de Van Scheltinga’s út 1708 en 1712 te bewûnderjen.

 
Pastorij

De tsjerke, dêr't de banken úthelle binne, hat in bysûndere preekstoel. Op it foarstik binne Mozes en Aäron ôfbylde mei de wet. De preekstoel is yn de 17e iuw skonken troch de grytman Epo van Aylva.

De tsjerke, dy't mar fjouwer kear yn it jier brûkt wurdt, is besit fan de stifting Alde Fryske Tsjerken.

It tsjerkje wurdt winterdeis brûkt as muzykkapel troch streekmuzykskoalle De Wâldsang. Ek wurde der wol eksposysjes hâlden.

De herfoarme gemeente fan Augsbuert-Lytsewâld wie oant 1857 kombinearre mei dy fan Kollumersweach. Doe krige Kollum in twadde dûmny, dy't yn Augsbuert-Lytsewâld wenne. Yn 1869 krige Kollum wer ien dûmny. De pastorij stiet der noch.

Skoalle en skoalhûs

bewurkje seksje
 
Skoalle mei skoalmasterswente

Yn 1833 krige Augsbuert-Lytsewâld in nije skoalle en dêr waard yn 1839 it skoalhûs tsjinoan boud. Yn 1880 is de skoalle sletten, mei't master Tije van Teijens, doe't er 77 jier wie, mei pinsjoen gie.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2007 2015 2020
Ynwenners 157 121 113 101 103 68 68 80
 
Brêge

Wa't fan de Dokkumer Trekwei nei Augsbuert-Lytsewâld giet, komt oer in no seldsume brêge. Yn 1907 krige Augsbuert-Lytsewâld in nije brêge. As model waard de âlde balkebrêge, dy't meastentiids oer de trekfeart leinen, brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Herma M. van den Berg,Noordelijk Oostergo/Kollumerland en NK, 1989. Siden 9,10
  4. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/Kollumerland en NK, 1989. Siden 9,10

  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·