Wapen fan Bartlehiem
It wapen fan Bartlehiem is it wapen fan de buorskip Bartlehiem, yn de Fryske gemeenten Tytsjerksteradiel,Noardeast-Fryslân en Ljouwert. It wapen waard yn 1990 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Fan read, kappe mei sulver, it read belein mei in gouden seispuntige stjer, it sulver rjochts belein mei in grien klaver en lofts mei in griene ikel; in blau skyldhaad belein mei in gouden reed fan boppen beselskippe fan in gouden, mei read fuorre, stêdekroan mei trije bastions.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, goud, sinopel (grien) en azuer (blau).
Symbolyk
bewurkje seksje- Trijedieling wapen: ferwiist nei de lizzing fan de buorskip yn de gemeenten Tytsjerksteradiel, Noardeast-Fryslân en Ljouwert. Yn 1990 wiene dit de gemeenten Tytsjerksteradiel, Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel.
- Kleurstelling: oernommen út it wapan fan Eastergoa.
- Seispuntige stjer: oernommen út it wapen fan Ferwerderadiel.
- Klaverblêd: oernommen út it wapen fan Ljouwerteradiel.
- Reed mei stêdekroan: symboalen foar de Alvestêdetocht dy't twa kear troch de buorskip hinne komt.
-
De trochgong fan de Alvestêdetocht fan 1986 yn Bartlehiem.