It wapen fan Ealsum is it wapen fan it doarp Ealsum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.

Wapen fan Ealsum

De blazoenearring fan it wapen is:

Linksskeand fan azuer en sulver; oer alles hinne in rêd mei acht speaken fan it ien yn it oar, mei yn it azuer in stjer fan goud en yn it sulver in leelje fan azuer.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver en goud.

  • Skeane twadieling: krekt sa as de kleuren oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
  • Rêd: symboal faor de hillige Katarina fan Aleksanderje. Ek ferwiist it rêd nei de radiale foarm fan de terp fan it doarp.
  • Gouden stjer: oernommen út it wapen fan de famylje Sirtema fan Grovestins.
  • Blauwe leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Mokkema dy't de Mokkemastate yn it doarp bewennen.