Wapen fan Nijewier
It wapen fan Nijewier is it wapen fan it doarp Nijewier, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in út de skyldrâne opkommende terp fan sinopel, mei boppe in Jeruzalimskrús fan kiel.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
bewurkje seksje- Terp: byldet de terp ôf dêr't it doarp op leit.
- Jeruzalimkrús: ferwiist nei it kleaster Sion dat yn it doarp stien hat. De reade kleur is oernommen út de wapens fan it prinsbisdom Utert en de streek Eastergoa.