Wapen fan Westergeast

It wapen fan Westergeast is it wapen fan it doarp Westergeast, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.

Wapen fan Westergeast

De blazoenearring fan it wapen is:

Skean yn fjouweren dielt fan swart en grien, mei ier alles hinne in gouden Sint-Andréaskrús, beladen mei in reade útrukte beamstronk yn de krúsing.

De heraldyske kleuren binne: sabel (swart), sinopel (grien), goud en kiel (read).

  • Sint-Andréaskrús: ferwiist nei de fjouwer paden dy yn it doarp byinoar kamen. De gouden kleur ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
  • Griene fjilden: ferwize nei de klaai yn de omkriten fan it doarp.
  • Swarte fjilden: ferwize nei it fean yn de omkriten fan it doarp.
  • Beamstronk: ûnder it maaifjild binne der yn de omkriten fan Westergeast in soad heal fossilisearre beamstronken fûn.