Wartburg
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Tueringen
plak Eisenach
koördinaten 50° 58' N 11° 1' E
Skiednis
stifter 1067
boujier 12e iuw - 15e iuw
Oars
type hichtekastiel
hjoeddeisk gebrûk museum
Webside
www.wartburg.de
Kaart
Wartburg (Tueringen)
Wartburg
Wartburg
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 897
kritearia (iii)(vi)
ynskriuwing 1999 (23e sessy)
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Wartburg is in kastiel op in 441 m hege berch boppe de stêd Eisenach yn 'e Dútske dielsteat Tueringen. Neffens de oerlevering waard it hichtekastiel yn 1067 stifte.

De Wartburg is nei Weimar de meast besochte toeristyske attraksje yn Tueringen. Alhoewol't it kastiel noch yn grutte dielen út 12e- oant 15e-iuwske bou bestiet, datearret in grut part fan it ynterieur út de 19e iuw. Yn 1999 waard it kastiel op 'e UNESCO-wrâlderfgoedlist set fanwegen syn typyske midsiuwske arsjitektuer en de histoaryske en religieuze betsjutting.

It kastiel soe om it jier 1070 stifte wêze troch de doetiidske greve fan Tueringen, Loadewyk fan Schauenburg (1042 – 1123), ek wol Loadewyk de Springer neamd. Syn soan Loadewyk I fan Tueringen krige yn 1131 fan keizer Lotarius III de titel fan lângreve.

 
Romaanske kapitelen.

12e iuw oant 18e iuw.

bewurkje seksje

Yn 'e 12e iuw waard it kastiel fergrutte. It paleis datearret út dy tiid. Dat bouwurk hat ryk bewurke kapitelen, dy't oan it Heimo-atelier taskreaun wurde, in Maaslânsk atelier fan byldhouwer mei Noard-Italjaanske woartels. Yn 'e 12e iuw ûntwikkele it Tueringske hôf him ta in moetingsplak fan keunstners. Sa útfanhûze de Maaslânske sjonger Hendrik fan Veldeke om 1185 hinne op 'e Wartburg en wurke dêr oan syn Eneas-roman.

Sûnt 1211 wenne Elisabeth fan Tueringen mei har man Loadewyk IV fan Tueringen op 'e Wartburg. Nei de dea fan har man yn 1227 waarden Elisabeth en har bern út it kastiel ferdreaun. De saneame Elisabethkemenate (Elisabethkeamer) waard op fersyk fan keizer Wilhelm II yn 1902-1906 troch prof. August Oetken yn neobyzantynske styl mei histoaryske foarstellings yn glêsmozaïken dekorearre.

 
Lutherkeamer.

De Wartburg spile in grutte rol by de reformaasje. Op 26 maaie 1521 waard de muonts Marten Luther mei in keizerlik dekreet yn 'e ryksban dien. Karfoarst Freark III fan Saksen liet him foar syn feiligens nei de Wartburg bringe, dêr't er him as jonker Jörg skûl hold. Dêr sette er yn 10 wiken it Nije Testamint út it Ald-Gryksk yn it Dútsk oer (publisearre yn 1524). De keamer bleau yn 'e oarspronklike steat bewarre.

Yn 1777 útfanhûze Johann Wolfgang von Goethe fiif wiken op 'e Wartburg. Hy makke doe ferskillende tekeningen fan 'e gebouwen.

Yn 1817 fierden 500 nasjonalistyske studinten, leden fan nij oprjochte Dútske bruorskippen, de Dútske oerwinning op Napoleon en it 300-jierrich jubileum fan 'e reformaasje op 'e Wartburg. By dy fiering waarden de Code Napoléon en konservative Dútske boeken ferbaarnd. Dat barren wurdt mei in soartgelikens evenemint op 'e Wartburg by de revolúsje fan 1848 beskôge as in belangryk momint yn 'e beweging foar de Dútske ienwurding. Under it bewâld fan it Hûs Saksen-Weimar-Eisenach joech gruthartoch Karel Aleksander yn 1838 opdracht om de Wartburg te rekonstruearjen. It wurk stie ûnder lieding fan Hugo von Ritgen, dy't de rest fan syn libben dêr mei dwaande wie. Sûnt 1855 wie ek Franz Liszt faak op 'e Wartburg. Hy krige fan 'e Weimarer hartoggen opdracht om op basis fan syn witten oer de akûstyk by de ferbou fan 'e ridderseal yn in konsertseal te advisearjen. It is no ien fan 'e bekendste konsertsealen yn Tueringen.

Nei de revolúsje yn 1918 en it útroppen fan 'e republyk, wêrby't de Dútske foarsten de troan en yn in soad gefallen ek harren besit moasten opjaan, kaam it kastiel yn 1922 yn hannen fan 'e Wartburg Stiftung.

Nei de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich naam de Sovjet-besettingsmacht de ferneamde kolleksje wapens en harnassen fan 'e Wartburg yn beslach. It is noch altiten net bekend wêr't dy kolleksje bedarre. Ut de Rüstkammer (wapenkeamer) fan 'e Wartburg ferdwûnen likernôch 800 stikken, lykas it harnas fan kening Hindrik II fan Frankryk, saken fan Freark de Wize, paus Julius II en Bernhard fan Weimar, mei treinen nei de Sovjet-Uny en sûnt is it net mear bekend wêr't de kolleksje is. Under it kommunistyske bewâld waarden yn 'e jierren 1952-1954 rekonstruksjewurksumheden útfierd. Sa waard benammen it paleis yn 'e oarspronklike romaanske styl werom brocht en njonken it paleis waard in nije trep oanlein.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: