Weißenthurm
Weißenthurm is in stêd yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd heart by de ferbânsgemeente mei deselde namme en is dêrfan it bestjoerssintrum.
Weißenthurm | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mayen-Koblenz | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 9.259 (2022)[1] | |
Oerflak | 3,99 km² | |
Befolkingsticht. | 2.321 ynw./km² | |
Hichte | 65 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56575 | |
Koördinaten | 50° 24' N 7° 27' E | |
Offisjele webside | ||
weissenthurm.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe stêd waard ferneamd nei de Wite Toer (Weißer Turm), in wen- en toltoer út de lette midsiuwen. De toer waard oan it begjin fan 'e 15e iuw boud yn opdracht fan 'e aartsbiskop en karfoarst fan Trier Werner fan Falkenstein (1388–1418) oan 'e doetiidske grins tusken de karfoarstedommen Trier en Keulen oan 'e hannelswei fan Koblenz nei Keulen.
Yn 'e 17e iuw ûntstie der in delsetting by dy grinsoergong. It plak krige yn 1663 fan karfoarst Karl Kaspar fan der Leyen it merkrjocht.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Yn 'e Wite Toer is hjoed-de-dei in streekmuseum ûnderbrocht.
- De monumintale katolike tsjerke waard boud yn 'e jierren 1836–1839 û.l.f. arsjitekt Johann Claudius von Lassaulx.
- It monumint General Hoche is ta oantinken fan it oerstekken fan 'e Ryn troch it Frânske leger ûnder generaal Lazare Hoche op 18 april 1797 boud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Weißenthurm
|