Westerstede is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. It is de Kreisstadt fan de lânkring Ammerland.

Westerstede
Petrustsjerke
Petrustsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Stedsyndieling 24 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 23.452 (2021)
Oerflak 179,55 km²
Befolkingsticht. 131 ynw./km²
Hichte 6 m.
Oar
Postkoade 26655
Koördinaten 53° 15' N 7° 55' E
Offisjele webside
www.westerstede.de
Kaart
Westerstede (Nedersaksen)
Westerstede

Westerstede leit likernôch 20 kilometer noardwestlik fan Aldenburch en likernôch 30 kilometer fan Lier.

Under Westerstede falle de folgjende doarpen en buorskippen: Burgforde, Eggeloge, Felde, Fikensolt, Garnholt, Gießelhorst, Halsbek, Halstrup, Hollriede, Hollwege mei Hollwegerfeld, Hüllstede, Ihausen, Ihorst, Karlshof, Linswege, Linswegerfeld, Mansie, Lindern, Moorburg, Neuengland, Ocholt, Howiek, Ocholterfeld, Ollenharde, Petersfeld, Seggern, Tarbarg, Torsholt, Westerloy, Westerloyerfeld, Westerstederfeld. Bestjoerlik is Westerstede yn 24 Ortsteile ferdield.

Fynsten fan âld reau dy't op 'e midden stientiid werom geane, bewize dat de gemeente al ier bewenne waard. Westerstede waard lykwols pas foar it earst mei de bou fan in houten Petrustsjerke yn 1123 neamd. It houten tsjerkegebou waard yn 1232 ferfongen troch in stiennen tsjerke.

 
Friezenmonumint

It gebiet hie yn de 15e en 16e iuw te lijen fan de fetes tusken de Aldenburger greven en de Eastfryske haadlingen. Yn it grinsgebiet fan Eastfryslân en Aldenburch kaam it op 28 maart 1457 ta in slach, wêrby't de binnenfallende Eastfriezen troch de Ammerlanner boeren ferslein waarden. Ta oantinken fan de slach waard yn 1912 fan grutte balstiennen it Friezemonumint yn Fikensolterfeld by Mansie oprjochte.

De reformaasje sette yn 1524 ek yn Ammerlân foet oan de grûn, ynearsten yn de Sint-Ulrichtsjerke by it kleaster Rastede. Yn 1579 preke yn de Petrustsjerke foar it earst in protestantske dûmny. Bekend is dat Westerstede yn itselde jier ek in earste skoalle krige. Mei tank oan de lânshear Anton Günther, dy't mei in tûke polityk de fjochtsjende en plonderjende legers bûten de grinzen fan syn lân hâlde koe, bleau it greefskip Aldenburch en dus ek Westerstede yn de Tritichjierrige Kriich sparre foar kriichsgeweld. De pest dêrfoaroer brocht Westerstede en it Ammerlân yn de jierren 1666-1667 grutte ferliezen.

Yn 1702 hie it kerspel Westerstede 2.674 bewenners en 100 jier letter wiene dat der 3.700. Peter I ferliende de stêd yn 1795 merkrjochten. Oant 1800 wie it banaliteitsrjocht noch fan tapassing yn Westerstede. Yn it kerspel Westerstede wiene der twa banmûnen: ien yn Burgforde en ien yn Gießelhorst. Nei 1800 waard de mûneban opheft en in lytse hûndert jier letter waarden der yn it gemeentegebiet al 16 partikuliere wynmûnen telt, wêrfan't der mar ien oerbleaun is.

 
Alde stasjon

Oan it ein fan de Frânske tiid wie de earmoede yn it eardere greefskip grut. Op 15 april 1815 ûnstie yn it sintrum fan Westerstede in grutte brân, dy't yn in pear oeren tiid mear as 50 hûzen en skuorren yn 'e jiske lei. De weropbou waard grutskalich oanpakt en Westerstede krige in nij strjitteplan mei in grutter plein foar de tsjerke. Yn 1876 waard Westerstede mei de iepening fan it smelspoar oansletten op it spoarnet.

Yn de jierren 1920 waard Westerstede in bolwurk foar it opkommende nasjonaalsosjalisme. Mei 83% fan de befolking fan Westerstede wie de stipe yn 1932 foar Hitler syn machtsoername tige grut. Dat gou foar it hiele Ammerlân, dêr't yn july by de Ryksdeiferkiezings fan 1932 77,8% fan de befolking op de NSDAP stimde (yn de rest fan it Ryk wie dat 37,3%).[1] Fan de 33 joadske ynwenners emigrearren 16, de rest waard yn de oarloch fermoarde. Op 3 maaie 1945 waard Westerstede sûnder grutte skea troch Poalske en Kanadeeske troepen ynnommen. Yntusken wiene de earste flechtlingen út it easten ek yn Westerstede oankommen. Westerstede naam in grut tal flechtlingen op en it ynwennertal naam yn hiel koarte tiid ta fan 10.320 nei 15.957 ynwenners.

Op 28 maaie 1977 krige Westerstede de offisjele status fan stêd. Oant dy tiid wie de gemeente as sit fan de lânkring Ammerland ien fan de pear Dútske distriktshaadstêden sûnder dy status.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1702 1802 1945 1998 2006 2021
Ynwenners 2.674 3.700 10.320 21.141 22.117 23.452

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Howieker Wettermûne
  • It âlde stasjon
  • St.-Petri-Kirche
  • Súdlik fan de stêd: Schloss Fikensolt
  • Ocholt: Wettermûne

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Westerstede.