Westfryske Oarloggen
De Westfryske Oarloggen fûnen plak yn de 11e iuw oant 'e mei ein 13e iuw en wienen in rige fan oarloggen tusken de Fryske greven, letter Hollânske greven neamd en de Westfriezen. Ynset fan de fijannigens wie de machtshonger fan de greven en de rôfsucht fan de Friezen.
Oanrin
bewurkje seksjeDe macht fan de Roomske kening hat yn de 10e iuw tige beheind west. Feitlik hie er yn syn bûtengebieten net folle te sizzen en dat gong foar in grut part ek op foar syn lien hear, de greve dy't inkeld yn syn kerngebiet werklik macht hie. Yn 985 joech kening Otto III yn tsjintwurdich Noard- en Súd-Hollân, in oantal gebieten foarfêst yn eigendom (proprium) oan greve Dirk II dat er earder al yn lien (beneficium) krigen hie. Dat gebiet wie tusken de rivieren Liora (Lier) en Hisla (Hollânske Isel) - Masalân -, villa Sunnimeri, it gebiet tusken de rivieren Medemelaka en Chinnelosara gemerchi - Kinmerlân - en Teksla.
Slach by Winkel
bewurkje seksjeDe opfolger fan greve Durk, syn soan Arnulf besocht yn 993 syn Westfryske ûnderdienen ta mear hearrigens te twingen, mar moast dat besyk mei de dea bekeapje. By Winkel kaam it ta in gefjocht dat troch it folk wûn waard. De helle oerwinning wurdt dêrom wol sjoen as in earste teken fan de libertas fan de Friezen, mar op dat stuit wie der noch gjin sprake fan in skieding tusken West-Fryslân en Kinmerlân. Neffens de midsiuwske skriuwer Thietmar van Merseburg kaam it yn 1005 ta fersoening troch tadwaan fan de Roomske kening Hindrik II tusken bewenners en nije greve.
De Krigen
bewurkje seksjeYn de rin fan de 11e iuw die lykwols bliken dat der stadichoan skieding ûntstean soe doe't it greeflik gesach tusken 1049 en 1076 foar in par weifoel. De reden fan dat fuortfallen wie de striid tusken biskop Willem I fan Utert mei de greven Durk V fan Hollân en Robrecht I fan Flaanderen. Nei alle gedachten hat dizze striid meiwurke oan de tanimmende frijheidsin fan de Friezen dy't net langer ree wienen om belêstings te beteljen of manlju te leverjen foar de hearfeart. De ûnôfhinklikens docht benammen bliken út de earste fermelding fan greve Floris II dy't him net langer Fryske greve neamd lykas syn foargongers, mar comes de Hollant, greve fan Hollân. Occidentalis Fresia is dan blykber de namme fan it ôfsûnderlike West-Fryslân.
De opstân fan Floris de Swarte
bewurkje seksjeLykwols wienen de greven net fan doel harren hearskippij oer dat part fan harren lien op te jaan. Dêrom falt yn de winter fan 1132 greve Durk VI West-Fryslân binnen om de befolking syn gesach op te lizzen. Syn fjildtocht liket yn earsten te slagjen, sûnder tsjinstân wurde in oantal doarpen troch him brânskatten. Mar ynienen kaam oan dy situaasje in ein as syn jongere broer Floris de Swarte tsjin him keard en yn kontakt komt mei de haadlingen dy't Floris de hearskippij oer West-Fryslân oanbeän. Mei help fan Floris lutsen dan de Westfriezen op tsjin greve Durk en wurde ek de bewenners fan Kinmerlân der ta set om yn opstân te kommen tsjin greve Durk VI. Tidens de opstân wurde in oantal kastielen ferwoaste en koe Haarlem mar krekt ûntkomme fan plondering omdat de Westfriezen harren nocht hienen fan de kriich en werom keare woenen. De Roomske keizer Lotarius III krige syn neven safier dat sy harren fersoenen, wêrnei de rust werom keare soe.
Skermutselings oer en wer
bewurkje seksjeYn 1155 lutsen de Drechterfriezen plonderjend troch Kinmerlân, oant sy by it doarp Saden ferslein waarden troch troepen út Haarlem. De Drechterfriezen slute yn 1161 frede mei Floris III, sûnder dat oare Westfriezen dêrby belutsen wienen.
Mooglik as gefolch fan lânferlies troch de Sint-Tomasfloed fan 1163 en in Hollânske plondertocht rjochting Skagen yn 1166 foelen de Westfriezen dat jier Alkmar oan dat troch harren brânskatten waard. Dêrop luts greve Floris yn 1168 wer rjochting Skagen dat foar in twadde kear plondere waard. Op de weromreis foelen sy yn in mûklaach wêrby't de measten omkamen sûnder dat de haadmacht fan Floris yngripe soe. Yn 1169 lokke in foarnommen Westfryske oanfal op Alkmar in Hollânske tsjinoanfol út, wêrby't sy weromdreaun waarden troch ûnder oaren Flaamske hierlingen mei krúsbôgen.
Yn 1180 kaam it wer ta gefjochten by Winkel en Niedorp dat ferwoaste waard en twa jier letter wie der in Westfryske tsjinoanfal op Akersleat dy 't ôfslein waard. Yn 1184 koe Floris Teksel en Wieringen oermasterje.
Willem I
bewurkje seksjeDurk VII folge syn heit Floris op as greve neidat er yn 1190 ferstoarn wie doe't er mei die oan de Tredde Krústocht. Hy krige al gau spul mei syn jongere broer Willem, dy't harren heit beselskippe hie nei it hillige lân en yn septimber 1191 werom keare wie. Willem socht stipe by de Drechterfriezen en al gau soe der tusken de bruorren kriich útbrekke. Allinnich wie Durk ynearsten hjir net sels by belutsen, mar syn frou Aleid om't er ek mei striid te krijen hie yn Seelân fan de Flamingen ûnder Boudewyn I. Hy stjoerde Aleid mei in leger nei West-Fryslân en yn novimber 1195 kaam it tusken har en Willem ta in treffe dat troch Aleid wûn waard omdat sy de Fryske haadlingen fan Niedorperambacht omkeape koe.
Lang om let leine de bruorren harren skeel by en waard Willem hear fan Fryslân. Nei de dea fan Durk yn 1203 bestride Willem de opfolging fan syn dochter Ada. It gefolch wie de Loonse oarloch, wêrby't er sûnt 1205 de hearskippij oer it greefskip alhiel yn hannen krige soe. Willem I en syn opfolger Floris IV stiene op goede foet mei de Westfriezen want guon beselskippen him tidens de Fiifde Krústocht en yn 1248 holpen sy Willem II tidens syn Belis fan Aken neidat er yn 1247 ta kening fan it Hillige Roomske ryk kroand waard.