Grutte benearing: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} thumb|De fjouwer ruters (Iepenbiering 6) fan [[Albrecht Dürer]] It begryp '''grutte fernearing''' of '''grutte delklap''' (f..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 12 okt 2020 om 08.16

It begryp grutte fernearing of grutte delklap (fan it Grykske μεγάλη θλίψις, megale thlipsis, dat "grutte druk" of "grutte delklap" betsjut) betsjut yn de kristlike eskatology in tiidrek fan fernearing op ierde sân jier lang yn de snuorje fan de eintiid foar it weromkommen fan Jezus, dy't dêrnei it Tûzenjierrich Ryk fêstigje sil. Yn it evangeelje fan Mattéus 24:21 en yn de Iepenbiering fan Jehannes 7:4 wurdt neamd dat Jezus it tiidrek foarsein hat.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


De fjouwer ruters (Iepenbiering 6) fan Albrecht Dürer

Eftergrûn

Ear't de grutte fernearing plakfynt, fine der earst in stikmannich foarfallen plak: de Antykrist sil frede mei Israel slute. Foar it tiidrek fan de fernearing wurdt sân jier oannaam op grûn fan de profesij fan Daniël fan santich wiken yn Daniel 9:24-27 út it Alde Testamint. De grutte fernearing is in straf oer de folken en oer Israel, dy't liede moat ta it erkennen fan Jezus as de Messias troch Israel oan 'e ein fan de grutte fernearing.

De grutte fernearing of de grutte delklap, dêr't fan sprutsen wurdt yn Mattéus 24, Markus 13 en Iepenbiering 7, wurdt brûkt om al dy berjochten gear te fetsjen en wurdt as in tiid fan kriich en natuerrampen omskreaun. Dêrta hearre benammen de sân segels en de fjouwer ruters dy't yn Iepenbiering neamd wurde.

Ynterpretaasje

Der besteane ferskate mooglikheden foar de grutte benearing:

  • as in symboalyske tiid;
  • as foarfallen troch de skiednis hinne, sa as kristenferfolgings,
  • in straf fan God foar de Joaden troch it oermasterjen fan Jeruzalim troch keizer Titus yn it jier 70,
  • in foarfal dat yn de neie of lettere takomst barre sil, dêr't dizze ynterpretaasje as it tiidrek mei sân jier sjoen wurdt.

De lêstneamde mooglikheid is spilet benammen by premillennialisten en dipensasjonalisten in wichtige rôl, sawol yn de teology as yn de foarstelling fan de leauwigen. Dêrnjonken binne der yn it premillennialisme noch trije ynterpretaasjes dy't de ferhâlding tusken de grutte benearing, de opname fan de gemeente en it weromkommen fan Jezus]] oanbelangje:

  • de opname fan de gemeente bart foar it begjin fan de grutte benearing (pretribulasjonisme),
  • de opname fan de gemeente bart healwei de grutte benearing,
  • de opname fan de gemeente bart nei de grutte benearing, dus yn 'e mande mei it weromkommen fan Jezus (posttribulasjonisme).

Guon teologen leauwe dat in part fan de gemeente opnaam wurde sil. Dêrfan wurdt útgien dat allinnich de leauwige kristenen foar de grutte benearing opnaam wurde en de oaren dy't bekeard binne en dy't harren leauwe wer ferfetsje sille nei de grutte benearing mei Jezus opnaam wurde en de guon dy't in marteldea ferstoaren sille wer opstean.

Ferskate teologen tsjutte de twadde helte fan it tiidrek fan de benearing oan as de grutte benearing. It wurdt dêrmei ûnderskaat fan de "benearing" dy't sân jier duorret en de "grutte benearing" is de lêste trijeënheal jier. Eftergrûn is dat de yn de Bibel beskreaune foarfallen yn de twadde helte noch folle mâler geane.