De Tsjerne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''De Tsjerne''' wie in frysk literêr moanneblêd, in fuortsetting fan De Rattelwacht, sûnt jannewaris 1946. It hie as doel om it Fryske literêre libben te ferbreedzjen, yn in ...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 21 mrt 2010 om 14.47

De Tsjerne wie in frysk literêr moanneblêd, in fuortsetting fan De Rattelwacht, sûnt jannewaris 1946. It hie as doel om it Fryske literêre libben te ferbreedzjen, yn in bepaalde ûnôfhinklikheid fan de Fryske Beweging.

It ûntliende syn betsjutting oan de krityske funksje en oan de bûtengewoabne nûmers, ek op it mêd fan bûtenlânske literatuer ( J. Slauerhoff (1946), Fryske muzyk (1947), Bretagne (1948), Fedde Schurer (1948), Edgar Allen Poe (1949), Amearika (1950), Suriname (1952) en Obe Postma (1953). Yn 1955 ferskynde it Befrijingsnûmer, yn 1956 it tema Noarwegen.

De redaksje bestie út Freark Dam, Eeltsje Boates Folkertsma, Fedde Schurer, Marten Sikkema en Douwe Tamminga. Der wienen ek bûtenlânske meiwurkers.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: