Östergötlands län: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 23 feb 2018 om 22.27

Berjocht:Ynfoboks Sweedske provinsje Östergötlands län (Frysk: Provinsje Eastergötlân) is ien fan de 21 provinsjes fan Sweden en leit yn it súdeasten fan it lân. It provinsjesbestjoer is fêstige yn Linköping, de grutste stêd fan de provinsje. Östergötlands län hat 457.496 ynwenners (2017).

Geografy

De provinsje beslacht it lânskip Östergötland en inkelde parten fan oangrinzgjende lânskippen. De provinsje hat 13 gemeenten.

Plakken

Neffens Statistika centralbyrån (Frysk: it Sintraal buro foar de statistyk) wienen op 31 desimber 2016 de fiif grutste plakken fan de provinsje:

Nr. Plak Ynwennertal
1 Linköping 108.640
2 Norrköping 95.618
3 Motala 31.224
4 Finspång 13.074
5 Mjölby 13.021