Huldrych Zwingli (ek Ulrich Zwingli; * 1 jannewaris 1484 yn Wildhaus; † 11 oktober 1531 yn Kappel am Albis) wie in Switserske teolooch en de earste Züricher herfoarmer. Ut de Zürichske en Sjeneefske reformaasje komt de Grifformearde Tsjerke fuort. De teology fan Zwingli is yn de twadde generaasje troch Heinrich Bullinger en Jehannes Kalvyn fierder droegen.

Huldrych Zwingli
Hantekening

Biografy bewurkje seksje

Berte en foarming bewurkje seksje

 
It Zwingli-bertehûs

Ulrich Zwingli wie in soan fan de boer en lândrost Johann Ulrich Zwingli (1454–1513) en Margaretha Bruggmann (± 1458–1519), dy't as eardere widdo foar de twadde kear mei Zwingli troud wie. Hy wie it tredde bern en hie teminsten njoggen bruorren en susters. Hjoeddedei is it bertehûs fan Zwingli as in museum ynrjochte. Al yn de âldens fan seis jier ferliet er syn bertedoarp om fjouwer jier as learling by syn omke yn Weesen te wenjen. Yn 1494 gyng er nei de Latynske skoalle yn Basel en letter nei de Latynske skoalle yn Bern. Fanwegen syn grutte musikale oanlis woene de Dominikanen him graach yn it kleaster opnimme, mar syn heit fersette him dêrtsjin.

Stúdzje yn Wenen (1498–1500) bewurkje seksje

Yn 1498 ferliet Zwingli Bern en yn de âldens fan fyftjin jier sette er útein mei in stúdzje oan de Universiteit fan Wenen; dêr skreau er him yn as Vdalricus Zwinglij de Glaris. Hy studearre oan de artystefakulteit, dêr't er nei de gewoane stúdzje in soarte fan basisoplieding yn de Sân frije Keunsten (septem artes liberales) folge. Dan yn it simmersemester fan 1500 liet er him nochris ynskriuwe as Vdalricus Zwingling de Lichtensteig.

Stúdzje yn Basel (1502–1506) bewurkje seksje

Yn 1502 meldt Zwingli him ûnder eksakt deselde namme oan by de Universiteit fan Basel en set dêr útein mei de stúdzje teology. Hy studearre dêr oant 1506 en studearre dêr ôf mei de titel Magister Artium (Master of Arts). Nei it eksamen studearre Zwingli noch seis moannen teology en gyng dêrnei lykas in soad oaren yn dy tiid sûnder in ôfsletten teologystúdzje yn de tsjerke oan de slach. Yn septimber 1506 waard Zwingli ta preester wijd.

Pastoar yn Glarus (1506–1516) bewurkje seksje

Yn de neisimmer fan 1506 waard Zwingli keazen as de liedende pastoar fan Glarus. Der kinne ferskate redenen west ha om de 22-jierrige Zwingli te beroppen. Mooglik wied er by de ynwenners al oanrikkemandearre, mar it kin ek dat de lju harren eigen preester kieze woene om net it útstel fan de biskop fan Konstanz ôf te wachtsjen. Eins soe nammentlik de ynfloedrike koarhear fan de proasdij fan Zürich, Heinrich Göldi (1496–1552), de prebende (ynkomsten fan de parochy) fan de biskop krije. Dêr hie Göldi nammentlik al in aardich bedrach foar nei Konstanz oermakke. Formeel wie Göldi as besitter fan de prebende ek de pastoar fan Glarus woarn, mar hy woe net nei Glarus ferhúzje om't er de tsjerklike funksje allinnich as in soarte fan ynvestearring beskôge. De ynwenners fan Glarus hiene fansels net in soad op mei lju dy't allinne de tsjerklike ynkomsten neijoegen, sadat hja in eigen kandidaat sochten dy't se yn Zwingli fûnen. Nei't de kar op Zwingli fallen wie waard it foar Göldi dreech om it amt fan pastoar tsjin it sin fan de parochianen op him te nimmen. Om net mei lege hannen te einigjen easke Göldi sadwaande in hege finansjele kompinsaasje. Zwingli moast dêrfoar by de bewenners jild opnimme en de ôfbetelling fan it kredyt soe him noch lang heuge.

By de kredytferliening oan Zwingli wiene de ynwenners fan Glarus rynsk, mar wat de pastorij oanbelanget hie it wol wat better kind. Hja wisten mar al te goed dat it ûnderkommen tekoart skeat en doe't Zwingli yn 1516 it oanslach oanfrege, ûnthieten se him in bettere pastorij te bouwen as er bliuwe soe.

De parochy fan Glarus omfieme ek de doarpen Riedern, Netstal, Ennenda en Mitlödi. Glarus en Riedern hiene likernôch 1.300 ynwenners en foar de geastlike fersoarging wurk Zwingli tegearre mei noch trije of fjouwer kapelanen. Wat Zwingli allegear by de ein hie yn Glarus is net in soad oer bekend. Oer krityk op de Tsjerke like doe noch gjin sprake te wêzen. Hy lies de misse en joech absolúsje fan de sûnden. Yn 1512 skreau er in fersyk oan paus Julius II en frege om in ôflaat foar de bewenners fan Glarus. Zwingli wie ek aalmoezenier en naam yn de jierren 1512-1515 foar de paus tsjin de Frânsen yn Lombardije diel oan de fjildtochten fan de Italjaanske Krigen, benammen by de Slach fan Marignano.

De boeresoan Zwingli like tige begien te wêzen mei it gewoane folk. Yn de rin fan de tiid koed er al syn parochianen, mar mei inkelde famyljes hied er mear kontakt as gewoan en wied er peterfaar foar guon bern. Syn tsjerklike belutsenens die ek bliken út syn fûleindige stribjen om in splinterke fan it Wiere Krús nei Glarus te heljen, dêr't er lang om let yn wist te slagjen. Foar in wichtich relyk as in fragmint fan it krús dêr't Jezus oan stoar wie wol in weardich ûnderkommen nedich en dus liet er de âlde tsjerke yn grutter meitsje mei de nei it relyk ferneamde Krúskapel. De ynwenners fan Glarus hiene it lykwols net oer de Krúskapel mar oer de Zwinglikapel.

Yn syn jierren yn Glarus studearre Zwingli fierder en mei grutte iver lies er de wurken fan de antike klassikers en tsjerkfaars. Boppedat learde er Gryksk en sa koed er de grûntekst fan it Nije Testamint lêze, dy't Erasmus fan Rotterdam yn in krityske útjefte publisearre hie. Troch de humanist learde Zwingli in oare bedoeling yn de bibelske teksten te sykjen en te werkennen. Sa fûn er in nije, foar him befrijende tagong ta de Hillige Skrift. Ek al lei Glarus isolearre, dochs wist er nauwe kontakten te ûnderhâlden mei de gelearden fan syn tiid en hy wie altiten op de hichte fan de publikaasjes fan nije boeken. Oan it ein fan syn tiid yn Glarus besiet Zwingli it doedestiidske ymposante oantal fan mear as 100 boeken.

Zwingli woe syn kennis trochjaan en op syn oantrunen waard der yn 1510 in Latynske skoalle yn Glarus stifte. Op dy hegere skoalle koenen jonges basiskennis fan it Latynsk opdwaan en hoegden se net mear om fierrens te gean om kennis op te dwaan. Zwingli waard keazen ta learaar en ûnder syn learlingen wiene tal fan ynfloedrike ynwenners fan it plak, lykas de reformator Valentin Tschudi, de histoarikus Aegidius Tschudi en nei alle gedachten ek Fridolin Brunner, de lettere reformator fan it Kanton Glarus.

Oan it begjin fan de 16e iuw waard der lokaal en federaal diskusearre dat it der om wei gie oer de fraach oft der mei de paus, de keizer of mei de Frânsen gearwurke wurde moast. Yn Glarys gyng it der benammen om yn hokker tsjinst de jonge manlju harren as soldaat moasten melde. Zwingli stie yn dat gefal jimmeroan oan de kant fan de paus. Zwingli, dy't as almoezenier de likernôch 500 Switserske soldaten altiten bystie, fjurre yn in preek op 7 septimber 1515 de manlju yn Monza oan ta ienriedigens. Yn oktober 1515, nei't de Switsers earder al by de Slach by Marignano it tsjin de farsk oanfierde troepen fan de Frânske kening Frâns I ôflizze moasten, kaam der ek in ein oan de federale machtspolityk fan Switserân. It lân yntrodusearre doe de militêre neutraliteit. De Frânsen beaen de Switsers al gau in fredesútstel mei lykwols net al te foardielige betingsten foar de Switsers. Zwingli fersette him dêr tsjin en bleau trou oan de paus, de tsjinstanner fan de Frânsen, mar yn Glarus lykas yn oare dielen fan it lân rekken de minsken op de hân fan de Frânsen, sadat Zwingli's posysje jimmeroan dreger waard fol te hâlden. Hy moast yn 1516 oan de kant en krige trije jier ferlof, ek al wie de befolking fan Glarus noch altiten tige wiis mei Zwingli.

Plebaan yn Einsiedeln (1516–1519) bewurkje seksje

Yn 1516 berôp Diebold fan Geroldseck Zwingli as plebaan en preker yn it as beafeartsplak ferneamde kleaster Einsiedeln, dêr't er him op 14 april 1516 oanmelde. Dêr begûn Zwingli him yn syn preken te fersetten tsjin it dêr fêststelde misbrûk fan de folksfrommens, de beafeart en tsjin de sûnt 1518 yn Switserlân wurkjende ôflaatpreker Bernhardin Samson en hy rôp de biskoppen fan Sitten en Kostanz op om de Tsjerke mear yn oerienstimming mei it Wurd fan God te bringen. Fanwegen syn ûnderfinings by de fjildtocht yn Itaalje naam er boppedat Erasmus' oertsjûging dulce bellum inexpertīs (Kriich is swiet foar dyjingen dy't it nea meimakke ha) oer, in biedwurd dy't er yn syn sprekwurdenútjefte fan Erasmus ûnderstrepe.

Zwingli hie eins nei syn ferbliuw yn Einsiedeln syn pastoarsfunksje yn Glarus wer opnimme moatten, mar yn 1519 naam er it beslút ynstee dêrfan in berop oan de Grutte Munster fan Zürich oan te nimmen. Syn stúdzjes en ûnderfinings yn Glarus en Einsiedeln hiene de oan de Rome sa trouwe preester feroare. Dy ûntjouwing liede Zwingli nei oare ynsichten en hy wie in kritikus mei in skerpe tonge tsjin de tsjerklike misstannen woarn.

Plebaan oan de Grutte Dom fan Zürich (1519–1531) bewurkje seksje

 
De Grutte Munster yn Zürich op in útsnijing fan it saneamde Murerplan (1576)

Lykas Zwingli wie ek de oerheid fan Zürich tsjin it Switserske hierlingensysteem en dat holp him by it krijen fan de ynfloedrike funksje fan plebaan oan it stift dat oan de Grutte Munster fan Zürich ferbûn wie. It stift wie doe op de katedraal nei it meast respektearre geastlike stift fan it bisdom Konstanz. Yn syn preken lei Zwingli hieltiten yn kleare wurden wer it Evangeelje út, en sawol it folk as de riedshearen lieten harren troch him oertsjûgje. Alle prekers fan Zürich krigen yn 1520 de opdracht fan de oerheid om tenei it Evangeelje neffens de ynterpretaasje fan Zwingli te preekjen.

Yn 1519 briek de pest yn Zürich út en yn septimber fan dat jier waard ek Zwingli troffen. Hy oerlibbe lykwols, mar de sykte hie him sloopt en hie him in jier lang ferswakke. Dy tiid brûkte Zwingli om gedichten en lieten te skriuwen. Ek hat de sykte syn begryp fan God beynfloede, om't er syn genêzing oan Gods wurk taskreau.

Zwingli publisearre yn 1522 mei "Von Erkiesen und Freiheit der Speisen" (oers.: Oangeande de Kar en Frijheid fan Iten) syn earste reformatoaryske útiensetting tsjin it fêsten yn de roomske tsjerke. It wurk skreau er nei oanlieding fan it brekken mei de fêsteltiid by Christoph Froschauer, dat bekend wurde soe as de Affêre fan it Woarstiten. Zwingli sels wie ek by it woarstiten yn de fêsteltiid oanwêzich, mar hy die der sels net oan mei. Mei syn útiensetting rjochtfeardige er it hanneljen en skreau dat it fêsten tsjin it kristlike leauwe yngyng. Zwingli wie der fan oertsjûge dat de Bibel en net de tradysjes fan Rome de boarne fan it kristlike leauwe wie. De biskop fan Konstanz krige fan Zwingli in brief, dêr't er mei tsien oaren yn ferklearre dat se "mei God wisberet wiene, it Evangeelje sûnder ophâlden te preekjen" en fregen om opheffing fan it selibaat. Paus Adrianus VI besocht doe noch Zwingli mei in brief, dêr't de paus de frommens fan de reformator yn priizge, fan fierdere stappen tsjin Rome ôf te hâlden.

 
Portret fan Huldrych Zwingli, 1549 (Hans Asper)

Zwingli bleau nau ferbûn mei it distrikt Glarus en bleau brieven skriuwen mei ferskate persoanen as pastoar fan Zürich. Op 12 oktober 1522 preekte Zwingli sels wer yn de parochytsjerke fan Glarus, doe't syn eardere learling Valentin Tschudi as haadselebrant de earste hillige misse opdroech. Yn dy preek liet Zwingli dúdlik fernimme dat it net mear deselde pastoar as foarhinne wie. Hy sei dêr dat wat er ea preke hie net de wierheid fertjintwurdige; hy naam ôfstân fan syn preken yn it tiidrek 1506-1516 as pastoar fan Glarus en rôp de bewenners fan Glarus op him yn de nije lear te folgjen.

Earste dispút fan Zürich bewurkje seksje

Doe't de Dominikanen Zwingli fan ketterij beskuldigen, noege de Grutte Ried fan Zürich alle teologen, dy't Zwinlgli feroardiele koene, ta in dispút út op 28 jannewaris 1523. It waard it earste dispút fan Zürich oer de stellings fan Zwingli. Likernôch 600 geastlike en sekuliere persoanen kamen yn Zürich by inoar. Om't de ôffurdige fan de biskop fan Konstanz, nammentlik Johann Faber, allinne it gesach fan de tradysje en it konsylje tsjin de stellings fan Zwingli wist yn te bringen, erkende de Ried fan Zürich Zwingli as oerwinner fan it dispút.

Twadde dispút fan Zürich (1523) bewurkje seksje

In twadde dispút fûn plak fan 2 oant 28 oktober 1523. Yn oanwêzigens fan 900 tsjûgen waard der praat oer de byldeferearing en de misse. De oanlieding fan it dispút wie de preek tsjin it ferearjen fan bylden en de dêrút folgjende byldestoarm. Besletten waard om de bylden binnen in heal jier út de tsjerken de ferwiderjen, sadat de minsken troch mear preken op dizze stap taret wurde koene. De byldestoarm fûn sadwaande net ynienen, mar yn alle rêst plak.

Belidenis fan it leauwe en de Bibel fan Zürich bewurkje seksje

 
Bibel fan Zürich (1535)

Yn 1525 publisearre Zwingli syn belidenis fan it leauwe "De vera et falsa religione" (oers.: Oer it wiere en falske leauwe) en stjoerde dêr in eksimplaar fan nei kening Frâns I. Alhoewol't Zwingli it oer in soad saken iens wie mei Luther en oare Dútske herfoarmers, feroaren syn ideeën oer de liturgy radikaal en wiisde hy de fysike oanwêziggens fan Kristus yn de kommuny ôf. Fanôf 1525 wie de reformaasje en de fernijing fan de earetsjinst neffens de protestantske yn Zürich gebrûk. It Nachtmiel waard yn beide foarmen fierd. Bylden wiene ferwidere en it selibaat en de roomske misse ôfskaft. Earmesoarch waard betelle út fûnsen dy't frijmakke wiene troch de ûnteigening fan kleasters en relgieuze stiftingen yn it gebiet dêr't de stêd Zürich it foar it sizzen hie. Ek yn 1525 waard it koarhearestift fan de Grutte Munster feroare yn in proasdij, om sa de foarming fan mear grifformearde teologen mooglik te hâlden. Hja moasten de útlis fan de Bibel leare en de kennis yn Dútsktalige preken oan it folk oerdrage. De Tsjerke fan Zürich stie ûnder lieding fan Zwingli.

Yn nauwe gearwurking mei Leo Jud sette Zwingli tusken 1524 en 1529 de Bibel oer yn de federale taal. Dy oersetting is tsjintwurdich bekend as de Bibel fan Zürich. De Bibel fan Zürich is dêrmei de âldste protestantske oersetting fan de hiele Bibel. It wurk waard tusken 1524 en 1529 troch Christoph Froschauer printe en wurdt dêrom ek wol Froschauer-bibel neamd. Yn 1531 ferskynde der ek in ryk yllustrearre útjefte.

It Marburger godstsjinstpetear (1529) bewurkje seksje

 
It godstjinstpetear yn Marburg (August Noack, 1822-1905

Zwingli moast neat ha fan Luther's saneamde Twarikenlear, dat is in kristlike doktrine dat it "uterlike" ûnder de oerheid en it "inerlike" ûnder de Tsjerke foel. Namste mear seach Zwingli dêrfoaroer Tsjerke en Steat yn nauwe gearwurking, mei dêryn foar de oerheid in serieus te nimmen ferplichting. Hy ferklearre dat de oerheid dy't de foarskriften fan Kristus net as maatstêf nimme woe, "mei God" ûntset wurde mocht.

In oar grut skeel mei Luther wie de ynterpretaasje fan it Hillich Nachtmiel. Yn in publikaasje foel er it idee fan de reeële oanwêzigens fan Kristus by de eucharisty oan. De wurden "Dit is Myn lichem, dit is Myn bloed" moasten neffens Zwingli symboalysk opfette wurde en it miel stie symboal foar it Lêste Jûnsmiel. Yn de ferhanneling "Dass Diese Worte Christi "Das ist mein Leib etc." noch fest stehen wider die Schwarmgeister" (oers.: Dat dizze wurden fan Kristus "Dit is myn lichem ensfh." noch jimmeroan fan krêft binne tsjin de fanaten) reagearre Luther fûl op Zwingli.

Filips I fan Hessen, dy't it yn grutte halen fine koe mei Zwingli's fiergeande ideeën, hie grutte plannen en woe mei in grut bûn de wrâld befrije út de klauwen fan de Habsburgers. Dêrom noege Filips de twa reformators út foar in dispút, dat mear ienriedigens en it bylizzen fan it skeel ta doel hie. Dat fûn plak yn oktober 1529 yn Filips' slot yn Marburg. Zwingli tocht dat er Luther wol mei syn stânpunten oertsjûgje koe, mar Luther wifke en moast troch Filip mei klam oerhelle wurde om te kommen. Ek oare teologen namen oan it petear diel. Oer fjirtjin fan de fyftjin artikels koene de teologen it iens wurde, mar de ferskillen oer de eucharisty waarden net bylein.

Earste Kriich fan Kappel bewurkje seksje

 
Oersjoch territoriale en politike sitewaasje fan Switserlân nei de Slach by Marignano yn 1515

Zwingli sette ûndertusken prikken útein om in nij bûn op te setten fan protestantske stêden en doe't ek Bern de reformaasje ynfierde waard it protestantske Christliche Burgrecht oprjochte. De fiif katolike kantons Luzern, Uri, Schwyz, Unterwalden en Zug fielden harren omsingele en isolearre en sochten ek om in alliânsje, dy't foarm krige yn de Christliche Vereinigung mei Ferdinand fan Eastenryk op 22 april 1529. Al gau nei't it ferdrach fan de katolike alliânsje tekene wie waard de herfoarme preker Jacob Kaiser finzen nommen yn Uznach en terjochte steld yn Schwyz. Zwingli reagearre poer en woe de katolike kantons militêr ôfstraffe. In delegaasje út Bern fielde dêr neat foar, benammen ek om't in oanfal op de katolike kantons ek in réaksje fan har oanbuorjende katolike steaten koe útlokke. Zürich naam dus allinne it foartou en brocht in leger fan 30.000 man by inoar. De fiif kantons waarden yn de steek litten troch Eastenryk en kamen net fierder as 9.000 man. De Earste Kriich fan Kappel (Erster Kappelerkrieg) wie in feit en de legers kamen inoar by Kappel tsjin, mar einige sûnder slach om't in famyljelid fan Zwingli, Hans Aebli, in wapenstilstân foar inoar krige. Zwingli easke as betingst foar de wapenstilstân dat de katolike uny ûntbûn waard, dat de herfoarme prekers sûnder hinder tagong hiene ta de katolike kantonse, in herfoarming fan it pensioenstelsel en kompinsaasje foar de bern fan de fermoarde Jacob Kaiser. By de ûnderhannelings wie ek in ôffurdige fan Bern, en die spile it net sa skerp as Zwingli. Hja wiene it net iens oer it oplizzen fan de herfoarming fan it pensioenstelsel en ek it ûnbehindere preekjen yn de katolike kantons wie foar Bern net sa'n needsaak. De fiif katolike kantons ûnthieten allinne te brekken mei Eastenryk. De útkomst fan de ûnderhannelings foar de Earste Frede fan Kappel (Ersten Kappeler Landfrieden) wie foar Zwingli in bittere pil en liet sjen dat er oan politike ynfloer ferlear.

Twadde Kriich fan Kappel en de dea fan Zwingli bewurkje seksje

 
De moard op Zwingli (Karl Jauslin, 1842-1904)

De Earste Frede fan Kappel regele net it rjocht op it preekjen yn de katolike kantons. Zwingli ynterpretearre dat as mocht der ûnbehindere preke wurde, mar de fiif kantons Luzern, Uri, Schwyz, Unterwalden en Zug wegeren eltse foarm fan herfoarming. De protestantske gebieten tochten ferskillend op hokker wize der druk útoefene wurde moast op de katolike kantons. Guon kantons joegen de foarkar oan stille diplomasy, wylst Zürich it mei geweld ôftwinge woe en Bern in middenposysje ynnaam. It wie Zwingli, dy't Zürich oanfjurre om de reformaasje dan mar mei it fjoer en it swurd oan de katolike kantons op te lizzen. Yn 1531 kaam it ta wapene konflikt tusken Zürich en de katolike kantons, de Twadde Kriich fan Kappel. By ferrassing wiene it de katolike kantons, dy't op 9 oktober 1531 de kriich oan Zürich ferklearren. It slagge Zürich yn de gauwichheid om in leger fan likernôch 3.500 man by inoar te krijgen, dy't by Kappel lykwols in dûbel sa sterk leger fan de katolike kantons trof. Under de soldaten fan it Zürichske leger sieten ek in soad predikanten, wêrûnder Zwingli. De striid duorre net langer as in oere en it leger fan Zürich waard troch de katoliken ynmakke. Zwingli sels rekke ferwûne en foel yn hannen fan de fijân. Hja dreaune de spot mei Zwingli, fregen oft se him noch ienris de bycht ôfnimme koene en makken him dêrnei dea. Zwingli's lichem waard fjouwerdield, ferbaarnd en de jiske oanslutend yn de wyn ferstruid.

Pas yn 1838 waard yn Kappel en yn 1885 yn Zürich foar Zwingli in monumint oprjochte. Opfolger fan Zwingli yn Zürich waard Heinrich Bullinger, dy't de grifformearde lear konsolidearre en eins as de echte stifter fan de Grifformearde Tsjerke wurdt beskôge.

 
Stânbyld fan Zwingli oan de Berlynske Zwinglikirche

Utwurking fan Zwingli's reformaasje bewurkje seksje

De útgongspunten fan Zwingli's reformaasje wiene oars as dy fan Luther en hat njonken in soad mienskiplike útkomsten ek dúdlike ferskillen. Wylst Luther it grau hie oan de hannel yn ôflaten en oare misstannen yn de Tsjerke dy't flokten mei syn útlis fan de Bibel, akseptearre Zwingli yn de Tsjerke allinnich dat, wat útdruklik yn de Bibel stie. Sadwaande stie yn de grifformearde tsjerken folle mear noch as yn de lutherske tsjerken it Wurd sintraal. Bûten Bibelteksten hiene de grifformearde tsjerkengjin fersierings yn de tsjerken en ek al wie Zwingli sels tige muzikaal, muzyk spile ynearsten gjin rol by de earetsjinst.

Bûten inkelde gebieten yn Switserlân en Dútslân giet gjin inkelde tsjerke op grifformearde grûnslach streekrjocht werom op Zwingli's wurk. Se binne folle sterker beynfloede troch it tinken fan Jehannes Kalvyn, sa't it yn de Heidelberchske Kategismus fêstlein is.

Anabaptisten bewurkje seksje

Zwingli moast neat ha fan it opkommende radikale anabaptisme. De ried fan Zürich keas nei in iepenbier debat yn 1525 de kant fan Zwingli en feroardene dat elk, dy't wegere syn bern doopje te litten, de stêd út moast. De anabaptisten lieten de feroardening lykwols foar wat it wie en kamen by inoar yn it hûs fan de mem fan de radikale lieder Felix Manz, dêr't troch in oare radikale lieder foar it earst in folwoeksene doopt waard. Yn febrewaris 1525 drige de stêd mei it oplizzen fan straffen oan it net doopjen fan bern en guon lieders waarden oppakt. Ek op oare plakken yn de Federaasje kaam it anabaptisme op en nei meardere disputen die it bliken dat gjin fan de partijen ynskikke woene. De ried fan Zürich seach doe lang om let yn dat der gjin kompromis mooglik wie en op 7 maart 1526 makke Zürich bekend dat op de werdoperij de deastraf kaam te stean. Zwingli hie neat mei dat beslút te krijen, mar it is ek net bekend dat er him der ta ferset hat. De lieder, Felix Manz, dy't earder sward hie Zürich te ferlitten en him net mear mei de werdoperij ôf te jaan, waard troch ferdrinking yn de Limmat as earste eksekutearre op 5 jannewaris 1527. Nochris trije lieders waarden deade, wêrnei't de rest makke dat er fuort kaam.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Huldrych Zwingli