Lady Ottoline Morrell, berne as Ottoline Violet Anne Cavendish-Bentinck (Tunbridge Wells, 16 juny 1873 - Londen, 21 april 1938), wie in Britske aristokrate, maecenas en in gastfrou foar de (kulturele) elite fan har tiid. Sy wie in nicht fan Elizabeth Bowes-Lyon, de lettere keninginne-mem fan it Feriene Keninkryk.

Lady Ottoline Morrell, 1902
Lady Ottoline Morrell, foto George Charles Beresford, 1903

Libben en wurk bewurkje seksje

Yn 1902 troude se mei it liberale parlemintslid Philip Morrell, mei wa't sy in 'frij houlik' hie. Morrell wie ek ferneamd fanwege de protte leafdesferhâldingen dy't sy oangie, bygelyks dy mei Bertrand Russell en de skilderesse Dora Carrington. Ek har man Philip hie ferkearingen bûten it houlik om. Hy hie ferskate bern by oaren dy't lykwols grutbrocht waarden troch Ottoline. De Morrells sels krigen in twilling: Hugh, dy't as bern al stoar, en dochter, Julian.

Se studearre oan Somerville College, ien fan de kolleezjes oan de Universiteit fan Oxford.

De Morrell's harren hûs yn de Londenske wyk Bloomsbury wie in salon foar tal fan wittenskippers en keunstners. Sy wie geregeldwei gastfrou fan lettere Bloomsburygroep, mei bekende leden sa as Virginia Woolf, Lytton Strachey, Bertrand Russell, John Maynard Keynes, E.M. Forster, Duncan Grant en Vanessa Bell.

Yn de Earste Wrâldkriich wie Lady Ottoline in foaroansteand pasifiste. Sy stipe tsjinstwegerers, dêr't guonts fan ta de Bloomsburygroep hearden en liet se ûnderdûke yn har bûtenpleats yn Garsington. Yn dy snuorje waard sy ek frijwat bekend as túnarsjitekte.

Morrell wie in ynspiraasjeboarne foar ferskate skriuwers út dy tiid. Sy stie model foar Mrs Bidlake yn Aldous Huxley syn Point counter Point út 1928 en foar Hermione Roddice yn D.H. Lawrence syn Women in Love. Guon kritisy wolle hawwe dat sy ek de ynspiraasjeboarne wie foar Lady Chatterley yn Lawrence syn roman Lady Chatterley's Lover.[1]

Biografy bewurkje seksje

  • Seymour, Miranda, Ottoline Morrell: Life on a Grand Scale, New York: Farrar Straus Giroux, 1993, ISBN 0374228183 en Londen: Hodder & Stoughton, 1992, wizige werprintinge 1998, ISBN 0340518200: útjouwerij Faber, 2009
  • Ursula Voß: Bertrand Russell und Lady Ottoline Morrell. Eine Liebe wider die Philosophie, Rowohlt, Berlyn 1999, ISBN 3871343102

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The real Lady Chatterley: society hostess loved and parodied by Bloomsbury group