Wikipedy oerlis:Haadside-ynfo/Ynventarisaasje siden fan de wike takom jier

Lêste reäksje: 4 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp 2020

Alderearst grutte kompliminten foar de alsidige list! Hy sjocht der echt goed út en is seker in moaie opset foar 2015. Way to go! Fansels ha ik noch wol wat feedback op de aktuele list.

  1. Opbou fan bepaalde siden: Alderearst woe ik mar begjinne oer it brûken fan seksjes en subseksjes. Op de siden Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en Ramayana sjoch ik dat der allinnich mar subseksjes brûkt wurde op plakken dêr't men normaliter seksjes ferwachtsje kin. Dus == Koptekst seksje == ynstee fan === Koptekst subseksje === .
  2. Ynformative alternativen foar ûnfolsleine siden: Wy ha in stik as wat lange en ynformative artikels oer stêden. Wêrom brûke wy dy net? De stêden yn 'e list ha in soad ynformaasje oer skiednis, mar misse nei myn betinken noch tefolle ynformaasje oer bygelyks ferdivedaasje/kultuer/polityk/geografy/ferkear/ekonomy/ensafuorthinne. By de Fryske ûnderwerpen sjoch ik wol wat oer kening Finn steane, wylst ik de side oer Redbad aardich wat ynformativer fyn. Kinst noch even nei sjen.
  3. Seks heart derby, mar kin minder: As tredde punt wol ik noch wol wat sizze oer de artikels fan Jenna Jameson en Ron Jeremy. No sille en moatte wy fansels net al te preuts wurde, mar ientsje liket my wol genôch ta foar it hiele jier.

Sa earst mar even. Miskien as suggestje soe ik de side oer Apollo 11 der graach by ha wolle. As wy miskien in side oer in stêd ha wolle soenen Emden en Lier (stêd) mooglik noch wat wêze... Mei dy siden bin ik sels oan it pielen west. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 27 des 2013, 15.06 (CET)Beäntwurdzje

Bêste Kening Aldgilles, my tinkt dat jo de bedoeling fan dizze side ferkeard begrepen hawwe. Dit is gjin list fan siden dy't beslist side fan 'e wike wurde moatte. Dit is foarriedige (voorlopige) ynventarisaasje fan siden dy't dêr foar yn oanmerking komme. Hokker siden oft it ek echt wurde, besjogge wy meitiid noch wolris. As jo siden foardrage wolle, stiet it jo abslút frij om se gewoan eigener hân yn 'e list te setten. Wat mear wat better, want it is makliker om straks út 'e breedte te tarren as dat wy de boaiem fan it fet útskraabje moatte. Wat der oerbliuwt kin dan om my gewoan stean bliuwe foar 2016.
It moaiste soe fansels al wêze as de siden dy't jo foardrage noch net earder side fan 'e wike west hawwe. Sa sjoch ik bgl. by de side Redbad, troch op 'e link "Wat is hjirmei keppele?" te klikken, dat dy side alris side fan 'e wike west hat yn wike 1 fan 2013. No wol ik daliks tajaan dat it in baas side is, en wy kinne ek bêst ris in pear recyclje, mar it liket my net winsklik dat wy hiele 2015 mar âlde siden oandrage. Likegoed kinne wy sokke siden bêst yn dizze list pleatse, mar litte wy der dan wol even by fermelde dat dy side alris earder side fan 'e wike west hat.
Even de siden bylâns dy't jo neamden. Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en Ramayana ha'k oanpast. Fan 'e stêden yn 'e list is Izmir yndie wat summier, mar ik fyn dat Fort Worth en Memfis (Tennessee) ridlik folslein binne. En Abilene (Kansas) is net sa'n soad oer te sizzen; dat is in doarpke fan in 7.000 ynwenners, dus wat dat oangiet fyn ik dat it der ek wol mei troch kin. Oer Jenna Jameson en Ron Jeremy bin ik it net mei jo iens. Twa siden op 52 (às se beide side fan 'e wike wurde, wat noch lang net wis is) oer pornostjerren fyn ik bêst kinnen. En ik haw mei sin lju nommen dy't ek bûten de pornoyndustry bekendheid krigen hawwe. Apollo 11 is in prachtige side, en hat ek noch net earder side fan 'e wike west, dus dy moat der beslist by. (Sjoch, hjir komt sa'n ynventarisaasje fan pas, want it kin bêst wêze dat de Fryske Wikipedy noch mear fan sokke juwieltsjes hat, mar as dejinge dy't de siden fan 'e wike gearstald — wat de ôfrûne jierren hieltyd Geoffrey west hat, haw ik begrepen — net wit dat se besteane, dan sille se nea side fan 'e wike wurde.) En Emden en Lier (stêd) komme ek yn 'e list.
Ofslutend dit noch: wês tenei net te skruten, mar poatsje jo foarstellen sels op 'e side! Ieneach fan 'e Esk (talk) 29 des 2013, 17.38 (CET)Beäntwurdzje
Goejûn, ik wol dy earst graach tank sizze foar dyn wiidweidige antwurd. De lêste tiid seach ik dyn wurk al op de Wikipedy en ik bin der tige oer te sprekken. De ynventarisaasje is seker in goed inisjatyf dêr't ik mei de tiid ek oan bydrage sil. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 29 des 2013, 21.35 (CET)Beäntwurdzje

Alsidige seleksje

bewurkje seksje

Krekt noch even wat siden derby set en opset wat oanpast oan de wenstige opset fan ús Wiky (sjoch de kategoryen en temasiden bygelyks). Ik sjoch no aardich wat biografyen, by de oare kategoryen soe noch wol mear by kinne. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 31 des 2013, 13.47 (CET)Beäntwurdzje

berjocht side fan de wike 2015

bewurkje seksje

De ynfrastruktuer stiet klear, sjoch Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2015‎ --Geoffrey (talk) 21 jul 2014, 11.43 (CEST)Beäntwurdzje

2020

bewurkje seksje

Werom eins sa'n soad "Amerikaanske" ûnderwurpen, mar ien Frysk boek(je), net ien moderne Fryske skriuwer (en wol Joast en Tsjalling Hiddes, mar net Dokter Eeltsje), wêrom net in ûnderwurp as Kneppelfreed en wêrom mear as in kwart fan de foarsleine akteurs en aktrises helje út de pornowrâld (sa lizze de ferhâldings irl dochs ek net)? Wutsje 25 sep 2020, 01.44 (CEST)Beäntwurdzje

Tsja, Wutsje. It tal artikels oer Fryslân dat gaadlik is om side fan 'e wike te wurden (beskate lingte, plaatsje derby) is einich. We hawwe wol sokke siden, mar de measten dêrfan binne alris side fan 'e wike west. Kneppelfreed, bgl., hat al twaris side fan 'e wike west (yn 2010 en 2015) en it wie ek al side fan 'e moanne yn 2009. Eeltsje Hiddes Halbertsma wie yn 2011 en 2018 alris side fan 'e wike. (Hy stiet net mear yn dizze list om't ik de brûkte siden derút smyt.) Ik fyn dat we net hieltyd deselde siden recyclje kinne. As jo der in moderne Fryske skriuwer yn hawwe wolle, bêst genôch: doch in foarstel. De side moat de lingte hawwe fan teminsten in A4-ke oan rinnende tekst (dus opsommings fan bgl. skreaune boeken net meirekkene), oars is der gjin ynlieding út gear te stallen. Der moat in plaatsje by sitte. Hy moat net alris earder side fan 'e wike west hawwe (maklik te sjen ûnder de link "Hjirmei keppele" yn 'e sydbalke). En leafst moat ek de stavering wat om oan te sjen wêze. Draach sa'nent foar en ik meitsje der in side fan 'e wike fan.
Wat jo opmerking oer pornoakteurs oangiet, dat se yn dizze ynventarisaasje opnommen binne, wol net sizze dat se ek daliks side fan 'e wike wurde moatte, inkeld dat se der gaadlik foar binne. En sa'n ynventarisaasje hat dus hielendal neat mei ferhâldingen te krijen. Ik haw yn 2013 it fersoargjen fan 'e siden fan 'e wike fan Geoffrey oernommen. Doe bin ik daliks dizze ynventarisaasje begûn om der sa min mooglik sykwurk fan te hawwen. Ik set hjir alle siden del dy't ik skriuw wêrfan't ik fyn dat se gaadlik binne om side fan 'e wike te wurden. En ja, myn belangstelling giet oer it algemien út nei ûnderwerpen bûten Fryslân, wêrfan in soad yn 'e Feriene Steaten. It wie eins de bedoeling dat alle meidoggers siden oandrage koene, mar nei in pear kear yn it begjin hat nimmen dat mear dien. No ja, ek bêst, mar dan doch ik myn eigen sin. It is sadwaande wat de Grutte Ieneach Show wurden, dat ûntken ik net. Wol doch ik elts jier war om der dochs inkele siden by te sykjen dy't net fan my binne. Dêr haw ik dan wer in stik mear wurk fan. En dit is foar my dochs al echt wurk - ik doch dit net foar de hobby, dat ik wol der eins sa min mooglik tiid oan besteegje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 sep 2020, 23.12 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de projektside "Haadside-ynfo/Ynventarisaasje siden fan de wike takom jier".