In wilker (ek willeker of wilkere) is in Aldfrysk wurd foar 'eat dat goedfûn en besletten is'.

De feroarderingen fan min ofte mear autonome mienskippen (gildes, dielen, gritenijen ) hjitte wilkeren. Ut de Midsiuwen binne yn Fryslân bekend:

  • Wilker fan de Upstalbeam: sjoch Upstalbeamstatút.
  • Wilker fan de Fiif Dielen: Oerienkomsten foar it distrikt De Fiif Dielen út de 13e en 14e iuw. Dy binne oerlevere yn de Aldfryske hânskriften Druk, Jus Muncipale en Kodeks Unia.
  • Wilker fan Utingeradiel: Waard yn 1450 opsteld troch rjochters en folk fan Utingeradiel, op in gearkomst yn Nes. De geastliken hienen neffens dizze wilker frijwat macht yn wrâldske oangelegenheden.
  • Wilker fan Wildinge: Yn 1379 foar it súdlike diel fan it distrikt Wildinge en opsteld troch de dêrûnder fallende doarpen. Nau besibbe oan in yn Kodeks Furmearius oerlevere wilker foar it súdeastlik oanslutende gebiet.
  • Wilker fan Wymbritseradiel: yn 1404 troch de geastliken fan Wymbrits opsteld. Se geane oer it wrâldske rjocht en fertoane, oars as de measte wilkers fan dy tiid, dúdlik in romano-kanonistyske ynslach. Oerlevere yn it Aldfryske hânskrift Jus Muncipale.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Willekeur.