Sint-Willehadustsjerke (Wremen)

(Trochferwiisd fan Willehadi-tsjerke)

De Sint-Willehadustsjerke (Dútsk: Willehadi-Kirche) yn Wremen is in wartsjerke út om 1200 hinne. De tsjerke is wijd oan de Angelsaksyske misjonaris Willehad, dy't yn de 8e iuw de eastlike Fryske goaen en it Sakselân ta it kristlike leauwen bekeare woe en de earste biskop fan Bremen waard. De tsjerke is ien fan de âldste tsjerkgebouwen yn it troch Friezen stifte Lân Woersten. Tegearre mei de Sint Urbanustsjerke yn Dorum is it ien fan de haadtsjerken fan Woersten. De grutte fan de tsjerken yn de krite tsjut de rykdom yn dizze omkriten oan. De tsjerke is no protestantsk.

Sint-Willehadustsjerke
Sint-Willehadustsjerke út it suden wei sjoen
Sint-Willehadustsjerke út it suden wei sjoen
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
plak Wremen
adres In der Langen Str. 14,
koördinaten 53°38' N 8°30' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip www.kirche-wesermuende.de
patroanhillige Willehad
Kaart
Sint-Willehadustsjerke (East-Fryslân)
Sint-Willehadustsjerke
 
Loftfoto fan Wremen mei tsjerke (2013)

De tsjerke is boud mei dowestien dat oer wetter oanfierd waard út it Rynlân wei. It gebou hat in skip mei in ynsnuorre rjochthoekich koer. De súdlike muorre fan it skip waard letter fernijd en werboud mei bakstien, mar de noardlike muorre is lykwols noch hieltyd fan dowestien. De sydmuorren fan it skip en it koer binne ferdield troch lisenen. Under de tekrâne sit in rûnebôgefries.

It koer waard leger as it skip boud en oan de gevel is te sjen dat it tek eartiids flakker boud is. De machtige westtoer mei in barokke spits stamt út it earste fearnsiuw fan de 13e iuw. Yn 1914, it earste jier fan de Earste Wrâldkriich, waard om strategyske reden de toer ôfbrutsen oant er op likense hichte fan it skip wie. Yn 1930 waard de toer wer opboud, itjinge noch altyd oan de kleuren fan de stiennen te sjen is.

 
It sicht op it oargel

It skip hat in balkeplafond mei beskildering út 1737 en medaljons mei sênes út de Alde en Nije Testamint. Dernjonken binne der noch letromaanske resten fan beskilderingen. It oargel út 1864, wêrfan in tal fan de oarspronklike pipen ferlern gie, is yn 1970 yn de monumintesoarch opnaam. Yn de jierren 1988-1991 waard it oargel neisjoen en yn de oarspronklike tastân werombrocht.

Oare nijsgjirrichheden

bewurkje seksje
  • In barokke alteropbou út 1709 fan Johann Helmes út Stade.
  • In doopfont út 1738.
  • In kânsel út 1670 troch in ûnbekende ûntwerper.
  • In model fan it 19e-iuwsk skip yn it tsjerkeskip dat ta oantinken oan it behâld fan it parochydoarp by de grutte stoarmfloed fan 1962.
  • Tsjerkebanken mei beskilderings.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint-Willehadustsjerke, Wremen fan Wikimedia Commons.