William Carlos Williams

William Carlos Williams (Rutherford (Nij-Jersey), 17 septimber 1883 – dêre, 4 maart 1963) wie in Amerikaansk dichter, skriuwer, toanielskriuwer, dokter en sosjalist fan mingd etnysk komôf, mei Baskysk, Nederlânsk-Joadsk en Ingelsk bloed. Fan berop wied er bernedokter en hûsdokter, mar hy waard benammen bekend as dichter fan 'e modernistyske en imazjistyske streamings.

William Carlos Williams
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Carlos Williams
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 septimber 1883
berteplak Rutherford (Nij-Jersey)
stoarn 4 maart 1963
stjerplak Rutherford (Nij-Jersey)
etnisiteit Baskysk
Ingelsk
Joadsk
Portorikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre poëzij, toaniel, reisferh.,
lit. romans & koarte ferhalen,
autobiogr.
perioade midden 20e iuw
streaming modernisme, imazjinisme
bekendste
  wurk(en)
Spring and All
Paterson
jierren aktyf 19091963
offisjele webside
gjint

Komôf en jonkheid

bewurkje seksje

Williams waard berne yn in begoedige ymmigrantefermidden yn Rutherford, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey. Syn beppe, in Ingelse dy't troch har man ferlitten wie, wie mei har soan nei de Feriene Steaten ta emigrearre, dêr't se wertroude en doe mei har nije man ferfear nei Porto Riko. Har soan, Williams syn heit, troude dêr mei in Portorikaanske fan Frânsk-Baskysk en Nederlânsk-Joadsk komôf, mei wa't er werom migrearre nei de Feriene Steaten. Williams folge leger en middelber ûnderwiis yn Rutherford, oant er yn 1897 foar twa jier nei in kostskoalle by it Switserske Sjenêve en it Lycée Condorcet te Parys stjoerd waard. Nei noch ferskate jierren ferfolchûnderwiis genoaten te hawwen nei't er weromkeard wie yn Amearika, waard er yn 1902 talitten ta de prestizjeuze oplieding genêskunde oan 'e Universiteit fan Pennsylvania, te Philadelphia. Hy studearre yn 1906 ôf mei diploma's as bernedokter en hûsdokter.

 
In strjitbyld fan Rutherford, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey, it plak dêr't William Carlos Williams hast syn hiele libben wenne.

Yn 1912 troude Williams mei Florence Herman (1891-1976), nei't syn eardere oansyk oan har âldere suster ôfwiisd wie. Hja setten har nei wenjen yn Rutherford, yn in hûs dêr't se it grutste part fan harren libben wenjen bleaune. Hoewol't er altiten praktisearjend dokter bleau, hie Williams in súksesfolle literêre karriêre. Yn 1909 hied er syn earste dichtbondel, Poems, publisearre, en koart nei syn houlik, yn 1912, waard syn twadde samling, The Tempers útjûn yn Londen, mei de help fan Williams syn freon en kollega-dichter Ezra Pound, dy't er kennen leard hie yn syn stúdzjetiid oan 'e Universiteit fan Pennsylvania. Njonken poëzij skreau Williams ek koarte ferhalen, romans, toanielstikken en essays, en wied er wurksum as oersetter fan oarstalige wurken nei Ingelsk. Nei't it skynt praktisearre er deis genêskunde en skreau er nachts.

Ier yn syn karriêre rekke er benammen fia Pound belutsen by de imazjistyske streaming, mar al mei gauwens begûnen syn mienings tefolle ôf te wiken fan oare imazjistyske dichters, en gie er syn eigen paad. Yn 1915 joech er him by in groep New Yorkske skriuwers en keunstners dy't harsels "The Others" neamden. Dizze groepearring wie oprjochte troch de dichter Alfred Kreymborg en de keunstner Man Ray. Yn 1920 krige Williams skerpe krityk oer him hinne fan in protte oare dichters, wêrûnder syn eardere freon Ezra Pound, doe't er ien fan syn eksperiminteelste mingde proaza-poëzijbondels, Kora in Hell: Improvisations, publisearre. Pound neamde dat "ynkoherint".

Yn 1923 publisearre Williams ien fan syn meast ynfloedrike dichtbondels, Spring and All, dy't guon fan syn bekendste gedichten befette, lykas By the Road to the Contagious Hospital, The Red Wheelbarrow en To Elsie. It jiers tefoaren hie lykwols T.S. Eliot syn ferneamde dichtwurk The Waste Land útjûn, dat in literêre sensaasje waard en Williams syn wurk alhiel yn it skaad stelde. Yn syn autobiografy soe Williams dêr letter sels oer skriuwe: "Ik hie daliks al it gefoel dat The Waste Land my tweintich jier yn 'e tiid tebek set hie, en ik bin der wis fan dat dat ek sa wie. Kritysk besjoen stjoerde Eliot ús werom it klaslokaal yn, krekt op it stuit dat ik tocht dat wy op it punt stiene om te ûntsnappen nei saken dy't in nije keunstfoarm sels folle neier kamen [...]" Hoewol't er grut respekt hie foar Eliot syn wurk, hie Williams krityk op Eliot syn tige yntellektuële dichtstyl, wêryn't oates en toates wurden en frazes út oare talen brûkt wurde en referearre wurdt oan klassike, Jeropeeske en hindoeïstyske literatuer. Sels joech Williams ynstee de foarkar oan 'e Amerikaansk-Ingelske sprektaal.

Mei Paterson, syn modernistyske kollaazje oer ien plak (Paterson, yn Nij-Jersey), dat yn dielen publisearre waard tusken 1946 en 1958, besocht Williams in epysk dichtwurk te skriuwen op in skaal dy't er noch net earder prebearre hie. Yn syn lettere jierren naam Williams de rol fan mentor oan foar in hiele generaasje oan jonge dichters. Sa hied er grutte ynfloed op 'e saneamde Beat Movement, de San Francisco Renaissance, de Black Mountain School en de New York School. Ien fan 'e dichters fan 'e jongere generaasje dy't him it neist wiene, wie Allen Ginsberg, foar wa't er yn 1956 de ynlieding fan dy syn earste en tige súksesfolle dichtbondel Howl and Other Poems skreau.

Nei't Williams yn 1948 in hertoanfal krige, gie it berchôf mei syn sûnens. Nei 1949 krige er in hiele rige oerhalen. Hy stoar thús, yn Rutherford, op 4 maart 1963, doe't er 79 jier wie. Williams waard begroeven yn Lyndhurst, op it Hillside-begraafplak. Yn maaie 1963 waard oan him postúm de prestizjeuze Pulitzerpriis takend foar syn bondel Pictures from Brueghel and Other Poems, dy't it jiers foar syn dea noch útkommen wie.

Dichtbondels

bewurkje seksje
  • Poems (1909)
  • The Tempers (1913)
  • Al Que Quiere! (1917)
  • Kora in Hell: Improvisations (proaza-poëzij-ymprovisaasjes; 1920)
  • Sour Grapes (1921)
  • Spring and All (proaza-poëzij-mjuks; 1923)
  • Go Go (1923)
  • The Cod Head (1932)
  • Collected Poems, 1921-1931 (1934)
  • An Early Martyr and Other Poems (1935)
  • Adam & Eve & The City (1936)
  • The Complete Collected Poems of William Carlos Williams, 1906-1938 (1938)
  • The Broken Span (1941)
  • The Wedge (1944)
  • Paterson, Book I (1946)
  • Clouds, Aigeltinger, Russia (1948)
  • Paterson, Book II (1948)
  • Paterson, Book III (1949)
  • The Collected Later Poems (1950; op 'e nij besjoen 1963)
  • Collected Earlier Poems (1951; op 'e nij besjoen 1966)
  • Paterson, Book IV (1951)
  • The Desert Music and Other Poems (1954)
  • Journey to Love (1955)
  • Paterson, Book V (1958)
  • Pictures from Brueghel and Other Poems (1962)
  • Paterson (alle fiif boeken yn ien kaft; 1963)
  • Imaginations (1970)
  • Collected Poems: Volume 1, 1909-1939 (1988)
  • Collected Poems: Volume 2, 1939-1962 (1989)
  • Early Poems (1997)
  • By Word of Mouth: Poems from the Spanish, 1916-1959 (2011)
  • Kora in Hell: Improvisations (proaza-poëzij-ymprovisaasjes; 1920)
  • The Great American Novel (roman; 1923)
  • Spring and All (proaza-poëzij-mjuks; 1923)
  • In the American Grain (1925)
  • A Voyage to Pagany (autobiografyske reisferhaal yn 'e foarm fan in roman; 1928)
  • Novelette and Other Prose (1932)
  • The Knife of the Times, and Other Stories (1932)
  • White Mule (roman, diel 1 fan 'e Stecher-trilogy; 1937)
  • Life along the Passaic River (koarte ferhalen; 1938)
  • In the Money (roman, diel 2 fan 'e Stecher-trilogy; 1940)
  • Make Light of It: Collected Stories (1950)
  • Autobiography (autobiografy; 1951)
  • The Build-Up (roman, diel 3 fan 'e Stecher-trilogy; 1952)
  • Selected Essays (1954)
  • The Selected Letters of William Carlos Williams (1957)
  • I Wanted to Write a Poem: The Autobiography of the Works of a Poet (1958)
  • Yes, Mrs. Williams: A Personal Record of My Mother (1959)
  • The Farmers' Daughters: Collected Stories (1961)
  • Imaginations (in samling fan 5 earder publisearre iere wurken; 1970)
  • The Embodiment of Knowledge (filosofyske oantekens en essays; 1974)
  • Interviews With William Carlos Williams: "Speaking Straight Ahead" (1976)
  • A Recognizable Image: William Carlos Williams on Art and Artists (1978)
  • Pound/Williams: Selected Letters of Ezra Pound and William Carlos Williams (1996)
  • The Collected Stories of William Carlos Williams (1996)
  • The Letters of Denise Levertov and William Carlos Williams (1998)
  • William Carlos Williams and Charles Tomlinson: A Transatlantic Connection (1998)
  • The Humane Particulars: The Collected Letters of William Carlos Williams and Kenneth Burke (2004)
  • Many Loves and Other Plays: The Collected Plays of William Carlos Williams (1962)

Fryske oersettings

bewurkje seksje

Wat Fryske oersettings fan it wurk fan William Carlos Williams oanbelanget, hat Haring Tjittes Piebenga yn 1967 fjouwer fan syn gedichten fertaald (ûnder de titels Stienbrek, De Die, De Wurden en Folsleine Ferneatiging), en se yn publisearre yn it tydskrift De Tsjerne (1967, ôfl. 3, s. 102-104).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.