William S. Yellow Robe jr.

William S. Yellow Robe jr. (Poplar (Montana), 4 febrewaris 1950) is in Amerikaansk toanielskriuwer, dichter, akteur, regisseur en ûnderwizer fan Yndiaansk komôf. Hy is ien fan 'e meast foaroansteande Yndiaanske toanielskriuwers fan 'e Feriene Steaten, en hat mei syn wurk ferskate prizen wûn.

William S. Yellow Robe jr.
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme William S. Yellow Robe jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 febrewaris 1950
berteplak Poplar (Montana)
etnisiteit Assiniboin
wurk
taal Ingelsk
sjenre toanielstikken, poëzij
jierren aktyf ±1975 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Yellow Robe waard yn 1950 berne yn Poplar, yn 'e Amerikaanske steat Montana, it haadplak fan it Fort Peck Yndianereservaat, dêr't er troch syn mem grutbrocht waard. Hy is in folbloed Assiniboin-Yndiaan en in lid fan 'e federaal erkende Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana. Hy studearre skriuwen en poadiumkeunsten oan 'e Universiteit fan Montana yn Missoula.

As folwoeksene ûntjoech Yellow Robe him ta in toanielskriuwer en dichter. Dêrnjonken wied er ek aktyf as toanielakteur en -regisseur, net selden fan syn eigen stikken. Guon fan syn bekendste wurken binne Where the Pavement Ends en Grandchildren of the Buffalo Soldiers and Other Untold Stories. Syn toanielstikken binne opfierd op lokaasjes troch de hiele Feriene Steaten hinne, wêrûnder troch de Penumbra Theatre Company yn St. Paul, yn it Public Theater yn New York, troch de Trinity Repertory Company yn Providence en yn it Nasjonaal Museum fan de Amerikaanske Yndiaan, dat ûnderdiel útmakket fan it Smithsonian Ynstitút, yn Washington, D.C.

Yellow Robe is in lid fan 'e Penumbra Theatre Company, en ek fan it Ensemble Studio Theater en Amerinda, Inc. Fierders sit er yn 'e advysrie foar de Red Eagle Soaring Theatre Company foar Yndiaanske jongerein. Yn 1989 waard Yellow Robe de teäterbeurs fan 'e Princess Grace Foundation taparte. Yn 1992 wûn er de First Nations Book Award fan 'e Native Writer's Circle of the Americas yn 'e kategory toaniel, en yn 2004 krige er de bysûndere priis fan 'e New England Theater Conference. Yellow Robe hat ek as dosint wurke oan it Ynstitút fan Amerikaanske Yndiaanske Keunsten yn Santa Fe (Nij-Meksiko), de Brown Universiteit yn Providence (Rhode Island) en de Universiteit fan Maine yn Orono (Maine).

Wurk (in kar)

bewurkje seksje
  • 2003 – Where the Pavement Ends: Five Native American Plays
  • 2009 – Grandchildren of the Buffalo Soldiers and Other Untold Stories
  • Krasner, David, Coming-of-Age on the Rez: William S. Yellow Robe's The Independence of Eddie Rose as Native American Bildungsdrama, yn: Wilmer, S.E., Native American Performance and Representation, Tucson, 2009 (University of Arizona Press), ISBN 978-0 81 65 26 468, s. 171–181.
  • Stoudt, Charlotte, Border Crossings: Theatre, Tribalism and Twenty-First-Century America. Luis Valdez at San Diego Repertory Theatre and William Yellow Robe, Jr., at Trinity Repertory Company, yn: Stoudt, Charlotte, Stages of Transformation: Collaborations of the National Theatre Artist Residency Program, New York, 2004 (Theatre Communications Group), ISBN 978-1 55 93 62 771, s. 56-67.
  • Weagel, Deborah Fillerup, The Quilt as (Non-)Commodity in William S. Yellow Robe Jr.'s The Star Quilter, yn: Western American Literature jg. 46 nû. 1, s. 46-64.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.