Kaart (kartografy)

(Trochferwiisd fan Wrâldkaart)

In kaart is in modellearre werjefte fan (in diel fan) it ierdoerflak. De tûke fan 'e wittenskip dy't him dwaande hâldt mei it meitsjen fan en it dwaan fan ûndersyk nei kaarten hjit de kartografy. Yn 'e regel sprekt men fan in lânkaart, om't de measte kaarten drûch lân (mei binnenwetters) ta ûnderwerp hawwe. Mar der besteane ek seekaarten of wetterkaarten, bgl. foar gebrûk troch de skipfeart, en himelkaarten foar gebrûk yn 'e astronomy. In kaart fan in stêd of fan in noch lytser diel fan it ierdoerflak, lykas in tún of in gebou, neamt men in plattegrûn. In boekwurk dêr't kaarten yn sammele binne, hjit in atlas.

In moderne wrâldkaart.

Wylst kaarten foarhinne op papier útprinte wurde moasten, wat fral by plattegrûnen in hiele grutte lape oplevere dy't hieltyd út- en wer opteard wurde moast en dêr sterk fan te lijen hie, wurde tsjintwurdich hieltyd mear kaarten digitaal rieplachte. Dat hat as grutte foardiel dat der mear details op 'e kaart oanbrocht wurde kinne, dy't sichtber wurde as de brûker ynzoomt. It neidiel is fansels dat de kaarten net mear rieplachte wurde kinne as de stroom útfalt of de batterij leech is, of as de kompjûter of smartphone stikken rekket.

 
In T-O-kaart út 1472.

Kaarten jouwe de wurklikheid wer yn in sterk ferlytse foarm. Dêrby wurdt in beskate skaal oanholden, sadat oanjûne dingen en alle ôfstannen deselde ferhâlding fan grutte hawwe as yn it echt. Sa'n ferhâlding jout men wer yn in oantsjutting lykas "1:25.000", dy't ornaris yn in hoeke fan 'e kaart of de omlisting stiet. Yn it gefal fan dit foarbyld betsjut dat dat alles yn it echt 25.000 kear sa grut is as op 'e kaart. Mei oare wurden: 1 sintimeter op 'e kaart is dan 250 meter yn it echt. De kaarten fan 'e Grutte Provinsje Atlas Fryslân hawwe bgl. dy skaal. Kaarten wurde faak oantsjut mei it oantal sintimeters dat nedich is om in kilometer wer te jaan; de GPAF is dan in 4-sintimeterkaart.

Om't in kaart in platte werjefte is fan (in part fan) in bolfoarm, hawwe kaarten altiten ôfwikings. By in kaart fan 'e hiele wrâld is dat it dúdlikst om't dy eins in bolfoarm hawwe moatte soe. It tichtst by de wurlikheid is dêrom de globe of wrâldbol. Oars moat de bolfoarm mei it iene of oare systeem, in saneamde projeksje, dellein wurde op in flak stik papier. It is mûglik dêrby ien aspekt akkuraat te hâlden: in kaart kin hoeksekuer wêze, wêrby't in hoeke op 'e kaart altyd likegrut is as yn it ôfbylde gebiet, of flaksekuer, wêrby't oerflakteferhâldings op 'e kaart altiten gelyk binne oan dy yn it gebiet. Der is lykwols gjin projeksje dy't dy gegevens beide fêstleit.

 
In tematyske kaart fan 'e súdlike Noardseekust, dêr't op te sjen is hokker gebieten oft ûnder seenivo lizze (te witten: de dielen fan 'e kaart dy't blaugrien ynkleure binne).

De âldste oerlevere kaart is ien fan in rivierdelling tusken twa heuvels, dy't op in Babyloanysk klaaitablet stiet fan 7,6 sm by 6,8 sm. Dat waard yn 1930 fûn by Ga-Soer, yn 'e neite fan 'e Iraakske stêd Kirkûk. Ut 'e begeliedende ferklearjende tekst kin opmakke wurde dat it om in stik lân giet fan 354 ikû (12 ha), dat tahearde oan immen dy't Azala hiet. Dizze kaart datearret út 'e 24e of de 25e iuw f.Kr. en is dus 4.500 jier âld.

Kaarten kinne yndield wurde yn twa soarten, op grûn fan wat derop ôfbylde is:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.