Wrâldkampioenskip fuotbal 1930

It wrâldkampioenskip fuotbal 1930 waard fan 13 july oant en mei 30 july 1930 yn Oerûguay holden. It wie de earste edysje fan it troch de FIFA organisearre wrâldkampioenskip.

FIFA wrâldkampioenskip fuotbal 1930
Poster Wrâldkampioenskip fuotbal 1930
Poster Wrâldkampioenskip fuotbal 1930
Ynformaasje
Gastlân Oerûguay
Kampioen Oerûguay
Iepeningswedstryd 13 july 1930
Finale 30 july 1930
Tiims 13
Stadions 3
Edysjes
Folgjende 1934
Toernoaistatistiken
Wedstriden 18
Doelpunten 70
(3,89 de wedstriid)
Besikers 434.000
(24.111 de wedstriid)
Topskoarder(s) flagge fan Argentynje Guillermo Stábile
(8 doelpunten)
Beste spiler flagge fan Urûguay José Nasazzi
Temaside  Sport

Oerûguay wie gasthear fan it earste offisjele wrâldkampioenskip, lykas twa jier earder, op moandei 28 maaie 1928, yn Amsterdam besletten waard. Oerûguay krige it earste WK tawiisd om te fieren dat it lân hûndert jier bestie en om't Oerûguay yn 1924 en 1928 goud wûn hie op de Olympyske Spullen en dus ien fan de bettere fuotballannen wie.

De teams waarden útnûge troch de FIFA om oan it earste Wrâldkampioenskip mei te dwaan. Sadwaande waard dit it iennige Wrâldkampioenskip fuotbal dêr 't de lannen har net foar hoegden te kwalifisearjen. De animo fan Jeropeeske lannen om mei te dwaan oan dit kampioenskip wie lykwols beheind: op 28 febrewaris 1930, de eindatum fan ynskriuwing, hie him noch gjin inkeld lân oanmeld. De lange reis en hege reiskosten wiene hjir de oarsaak fan. Uteinlik wist Jules Rimet, mei help fan it regear fan Oerûguay, fjouwer Jeropeeske lannen sa fier te krijen om de oerstek te meitsjen. Dit wiene Belgje, Roemeenje, Joegoslaavje en Frankryk.

Alle duels waarden spile yn de haadstêd Montevideo, dat trije stadions ta beskikking hie: Estadio Parque Central, Estadio Pocitas en Estadio Centenario. It toernoai hat achttjin dagen duorre, fan snein 13 oant en mei woansdei 30 july.

It alderearste WK-duels yn de skiednis wiene Feriene Steaten - Belgje en Frankryk - Meksiko. De wedstriden einigen yn 3 -0 en 4 -3 oerwinning foar de Feriene Steaten en Frankryk. De Frânske fuotballer Lucien Laurent makke it alderearste doelpunt op in WK. De finale waard fluite troch de Belgyske skiedsrjochter John Langenus. De Oerûguayaanske trainer Alberto Suppici wie noch mar 31 jier en 240 dagen doe't syn team wrâldkampioen waard, hy is dêrmei oant no ta noch hieltyd de jongste trainer ea fan in wrâldkampioen fuotbal.

 
Centenario
Gran Parque Central
Pocitos
Lokaasjes WK stadions
Lokaasje Stadion Kapasiteit
Montevideo Estadio Centenario   90.000
Estadio Gran Parque Central   20.000
Estadio Pocitos   15.000

De teams mei tsjokke letters giene fierder nei de knock-outfaze fan 'e lêste 16.


Lân Lân Utslach
  Frankryk   Meksiko 4 - 1
  Argentynje   Frankryk 1 - 0
  Sily   Meksiko 3 - 0
  Sily   Frankryk 1 - 0
  Argentynje   Meksiko 6 - 3
  Argentynje   Sily 3 - 1
Lân Lân Utslach
  Joegoslaavje   Brazylje 2 - 1
  Joegoslaavje   Bolivia 4 - 0
  Brazylje   Bolivia 4 - 0
Lân Lân Utslach
  Roemeenje   Perû 3 - 1
  Oerûguay   Perû 1 - 0
  Oerûguay   Roemeenje 4 - 0
Lân Lân Utslach
  Feriene Steaten   Belgje 3 - 0
  Feriene Steaten   Paraguay 3 - 0
  Paraguay   Belgje 1 - 0
  Heale finale Finale
             
26 july
   Argentynje 6  
   Feriene Steaten 1  
 
30 july
       Oerûguay 4
     Argentynje 2
 
 
Tredde plak
27 july  
   Oerûguay 6      
   Joegoslaavje 1        
Wrâldkampioenskip fuotbal
Oerûguay 1930 | Itaalje 1934 | Frankryk 1938 | Brazylje 1950 | Switserlân 1954 | Sweden  1958 | Sily 1962 | Ingelân 1966 | Meksiko 1970 | West-Dútslân 1974 | Argentynje 1978 | Spanje 1982 | Meksiko 1986 | Itaalje 1990 | Feriene Steaten 1994 | Frankryk 1998 | Japan / Súd-Koreä 2002 | Dútslân 2006 | Súd-Afrika 2010 | Brazylje 2014 | Ruslân 2018 | Katar 2022 | Amearika's 2026
  ·   ·