Kilt

(Trochferwiisd fan Wurkkilt)

De kilt (Ingelsk en Skotsk: kilt; Skotsk-Gaelysk: fèileadh) is in knibbellange rok dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Skotske dracht en teffens fan 'e dracht fan guon oare Keltyske gebieten. Dit stik klean wurdt ornaris makke fan in weve wollene stof yn in tartanpatroan. De kilt wurdt it meast troch manlju droegen, mar kin ek troch froulju droegen wurde, en is gaadlik foar sawol formele as ynformele gelegenheden. De moderne kilt komt fuort út tradisjonele sechstjinde-iuwske dracht fan manlju en jonges yn 'e Skotske Heechlannen, en is sûnt de njoggentjinde iuw ûnferbreklik ferbûn rekke mei de bredere kultuer fan hiel Skotlân.

In kilt mei in sporran deroerhinne.

De oantsjutting 'kilt' is ôflaat fan it Ingelske en Skotske tiidwurd to kilt (up), dat oarspronklik betsjutte "de rokken opbine". Dat wurd is nei't it skynt fan Noardgermaanske oarsprong.

 
In famke oan it folksdûnsjen yn in kilt. Hjirby binne moai de ploaien oan 'e efterkant (hjir troch har bewegings fansiden) te sjen.

Untwerp en dracht

bewurkje seksje

De kilt is in op maat makke klaaiïngsstik dat om 'e mul fan 'e drager hinne wuolle wurdt, op in hichte likernôch healwei tusken de leechste rib en de heup yn. Men begjint ornaris oan 'e lofterside fan 'e drager, en wikkelet de kilt dan om 'e foarkant, de rjochterside, de efterkant, de lofterside en nochris om 'e foarkant fan it lichem hinne, wêrnei't de kilt mei gaspen oan beide siden fêstset wurdt. As er goed droegen wurdt, bedekt in kilt it lichem fan 'e mul oant de midden fan 'e knibbels. Hy mei net oer de knibbels hinne falle, en ek net boppe de knibbels ophâlde. De oerlaapjende lagen oan 'e foarside wurde 'skelken' (aprons) neamd, en binne plat. De inkele laach stof oan 'e efterkant is ploaid, om romte te bieden oan 'e stuten as men foaroer bûcht of sitten giet.

Karakteristike kilts binne makke fan weve wol. Yn Skotlân hawwe kilts in tartanpatroan fan rútsjese yndieling, wêrby't eltse clan syn eigen kleuren en kleurferhâldings hat. Sadwaande kinne saakkundigen by Skotten oan 'e kilt sjen ta hokker clan oft se hearre. Yn Ierlân binne kilts, dy't dêr benammen droegen wurde troch doedelsekspilers, effen fan kleur, wêrby't saffraankleurich en grien it measte foarkomme. Ek de oare Keltyske gebieten: Wales, it eilân Man, Cornwall, Bretanje en it Spaanske Galysje, hawwe har eigen kilts, al lykje dy yn 'e regel mear op 'e Skotske kilt (dêr't se fan ôflaat binne) as op 'e Ierske.

 
Doedelsekspilers fan it Ierske leger yn saffraankleurige kilts.

De nijste foarm fan 'e kilt is de saneamde wurkkilt (utility kilt) of kontemporêne kilt. Dat is in effen kleure kilt dy't as wurk- of sportklean droegen wurde yn Skotlân, mar ek yn 'e Feriene Steaten en Kanada. Wurkkilts binne yn 'e regel net fan wol makke, mar fan lear, spikerstof, corduroy of katoen. Oars as de tradisjonele kilt hawwe wurkkilts faak bûsen en binne se bedoeld om sûnder sporran droegen te wurden.

Oer de mulbân fan 'e kilt hinne wurdt yn 'e regel in mulrym droegen. In kiltspjelde wurdt fêstset oan 'e losse legere punt fan 'e boppeste 'skelk', mar net troch de ûnderlizzende 'skelk' hinne stutsen, om't de funksje net is om it spul byinoar te hâlden, mar om gewicht ta te foegjen, sadat de frije punt net opwaaie kin.

Oer de kilt hinne wurdt oan 'e foarkant de tradisjonle Skotske beurs, de sporran, droegen, dy't brûkt wurdt om jild en lytse persoanlike eigendommen yn op te bergjen, mei't de kilt gjin bûsen hat. Fierders wurde by de kilt yn 'e regel wollene knibbelhoazzen droegen, dy't ûnder de knibbel omslein binne. By ien fan 'e knibbelhoazzen yn wurdt de sgian dubh droegen, de tradisjonele Skotske dagge.

 
In foarbyld fan in wurkkilt.

Under kilt kin men in ûnderbroek drage of kommando gean; neffens de tradysje heart 'de wiere Skot' neat ûnder syn kilt oan te hawwen, mar fanwegen praktyske beswieren yn in soms kâld en meastal wiet en wynderich klimaat hâldt lang net eltsenien him dêroan. Boppedat is by sportwedstriden, lykas de Highland games, it dragen fan in ûnderbroek faak ferplichte.

De ierste foarm fan 'e kilt wie de grutkilt of oangurde plaid (Ingelsk: belted plaid; Skotsk-Gaelysk: filleadh mhòr), dy't him geandewei de sechstjinde iuw yn 'e Skotske Heechlannen ûntjoech. Dat wie in klaaiïngsstik fan folle lingte, wêrfan't de boppeste helte yn 'e regel los boppe de mul om it lichem hong, mar ek as in mantel oer de skouders droegen of sels as in kapusjon oer de holle hinne slein wurde koe. De grutkilt hie sadwaande mear wei fan in mantel of in jurk as fan in rok.

 
Skotske hierlingen yn Dútslân ûnder de Tritichjierrige Oarloch (1618-1648): ien fan 'e ierste ôfbyldings fan 'e grutkilt.

Neffens de tradysje waard de 'lytse kilt', mei frijwol itselde foarkommen as de moderne kilt, yn 'e 1720-er jierren ûntwurpen troch Thomas Rawlinson, in Ingelske quaker út Lancashire, dy't him yn 'e Heechlannen nei wenjen set hie. Der binne lykwols oanwizings dat de 'lytse kilt' al tritich jier earder ûntstien wie, yn 'e 1690-er jierren. Nettsjinsteande dat wol it ferhaal dat Rawlinson de grutkilt "behinderlik en bombidich" fûn, en syn oplossing wie om it kleanstik midstwa te knippen en dêrmei de kilt los te meitsjen fan 'e plaid. Hy sette sels útein mei it dragen fan 'e nije kilt, en doe't er syn sakepartner, de ealman Iain MacDonnell út Inverness, safier krige dat dy it nije klaaiïngsstik ek begûn te dragen, waard de kilt al rillegau oernommen troch harren wurknimmers. Ut Inverness wei fersprate de kilt him as diggelfjoer oer oare parten fan 'e Skotske Heechlannen en sels oer guon dielen fan 'e it noardlike leechlân.

Nei de Jakobityske Opstân fan 1745 waard it dragen fan 'e kilt en fan tartan yn it algemien de Heechlanners by wize strafmaatregel troch it Britske regear ferbean. Dat ferbod bleau hast fjirtich jier fan krêft, en inkeld Skotske soldaten dy't yn it Britske leger tsjinnen, wiene dêrfan útsûndere. Pas yn 1782 slagge it James Graham, 3e hartoch fan Montrose, om it ferbod ûngedien makke te krijen.

Oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw soarge de literatuer fan 'e Romantyk, benammen it wurk fan James Macpherson en sir Walter Scott, foar in nij elan op it mêd fan 'e Skotske kultuer, wêrby't de wisânsjes fan 'e Heechlânske clans ta nasjonale tradysjes makke waarden. Sa eigene de Skotske elite him yn 'e 1820-er jierren ek it drage fan 'e kilt en it tartan ta. Yn 1822 droech sels kening George IV fan Grut-Brittanje by in besyk oan Skotlân in kilt. Sûnt dy tiid is de kilt foargoed in wichtige drager fan 'e hiele Skotske identiteit wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further reading, op dizze side.