Wynmotor Weidum 1
De Wynmotor fan Weidum is in wynmole fan it type wynmotor by Weidum út 1920. De Amerikaanske wynmotor hat in betonnen ûnderbou, in platfoarm, 30 blêden en twa lawaaiers. De funksje is poldermole. It is in Herkules Metallicus, dy't makke waard by de Vereinigte Windturbine Werke AG yn Dresden yn 1920. De mole stiet noch gjin heale kilometer beëasten Weidum oan de Dekemawei nei Wytgaard.
De mole rekke yn ferfal neidat syn funksje oernomd wie troch in tichtby steand elektrysk gemaal oan de Swette, mar hy waard healwei it earste desennium fan de 21e iuw restaurearre en wer mealree makke. De wynmotor is eigendom fan it Wetterskip Fryslân, dat him oanwiisd hat as reserve-gemaal yn gefal fan slimme wetteroerlêst. Hy is yn begjinsel net iepen foar publyk, mar kin op guon iepen dagen besjoen wurde. De mole is in ryksmonumint.
Yn 2002 waard de wynmotor ôfbylde op in Nederlânske postsegel yn in rige oer yndustrieel erfgoed.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |