Yndustrieel erfgoed
Under yndustrieel erfgoed wurdt beflapt: de fuortbringsels fan de minske foar de deistge arbeid, bygelyks: fabryksgebouwen, brêgen, sluzen, mûnen, boartuorren en soks - en yn 't generaal alle materiële spoaren fan de yndustriële mienskip. Mobile dingen fan yndustrieel erfgoed lykas ferfiermiddels wurde ta mobyl erfguod rekkene.
Dizze kulturele úterings driigje hieltyd te ferdwinen at se harren oarspronklike funksje ferlern hawwe. It binne faak oerbliuwsels út in oare tiid dy't om harren unikens it behâlden wurdich binne meidat se goed sjen litte hoe't de dingen eartiids oanpakt waarden.
Der binne yn Nederlân, België en oare lannen ferskate stichtings dy't krewearje foar it behâld fan yndustrieel erfgoed. Yn Nederlân binne in protte organisaasjes feriene yn: de Stichting Federaasje Yndustrieel Erfgoed Nederlân (FIEN).
Karút fan yndustriële monuminten yn Nederlân
bewurkje seksje- Gemaal De Cruquius, Cruquius
- Het Piepke, Muntsjesyl
- Van Nellefabryk, Rotterdam
- Moalfabryk fan Leien
- Papierfabryk de Middelste Molen, Loenen
- Gebouwen fan DRU, Ulft
- Gebouwen Radio Kootwijk
- Dwingeloo Radio Teleskoop
-
Sâltboartoer by Twekkelo
-
Liftgebou fan de eardere Oranje Nassaumyn, no Nederlânsk Mynmuseum yn Heerlen
-
It ljochtfabryk fan Philips yn Eindhoven
-
It Van Nellefabryk yn Rotterdam
-
Stoomsjerpfabryk yn Borgloon
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksje- (in) European Federation of Associations of Industrial and Technical Heritage
- (ned) Industrieel-erfgoed.nl
- (ned) Stichting Industrieel Erfgoed Noord-Nederland
- (ned) Landelijke Vereniging tot Behoud van het Historisch Bedrijfsvaartuig
- (ned) Stichting Industrieel Erfgoed Deventer SIED
- (fr) Patrimoine industriel Wallonie-Bruxelles (PIWB)
- (in) The International Committee for the Conservation of the Industrial Heritage (TICCIH)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Industrial heritage fan Wikimedia Commons. |