Ynternasjonaal Filmfestival fan de Bahama's

It Ynternasjonaal Filmfestival fan de Bahama's (Ingelsk: Bahamas International Film Festival), soms ôfkoarte ta BIFF, is in filmfestival dat elts jier yn septimber holden wurdt yn Nassau, de haadstêd fan 'e Bahama's. It evenemint waard yn 2004 oprjochte troch Leslie Vanderpool, dy't anno 2021 noch altyd de direkteur is.

Ynternasjonaal Filmfestival
fan de Bahama's
plak en tiid
lân Bahama's
plak Nassau
tiid fan it jier septimber
bysûnderheden
ôfkoarting BIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 2004 – no
offisjele webside
www.bintlfilmfest.com

As in non-profitorganisaasje set it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Bahama's him yn foar in twafâld doel: om 'e Bahamaanske befolking en toeristen út it bûtenlân yn 'e kunde te bringen mei films dy't se oars nea sjoen hawwe soene, en om 'e Bahamaanske filmyndustry te ûnderstypjen en oan te fiterjen.

Wat dat lêste oangiet, organisearret it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Bahama's elts jier as ûnderdiel fan it festival in workshop foar de jongerein, dêr't harren de begjinsels fan it filmjen bybrocht wurde. Tagelyk wurde jonge Bahamanen ek weiwiis makke oangeande it besetten fan 'e helpboarnen dêr't se ferlet fan hawwe om sels in film te meitsjen.

Yn 2015 waard it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Bahama's troch MovieMaker Magazine opnommen op in list fan 'e 25 'coolste' filmfestivals fan 'e wrâld.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.