Ágnes Keleti
Ágnes Keleti berne as Ágnes Klein (Bûdapest, 9 jannewaris 1921 - Dêre, 2 jannewaris 2025) wie in Hongaarsk turnster. Sy die ien kear mei oan it Wrâldkampioenskip, en trije kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1948, 1952 en 1956). Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen, fiif kear Olympysk kampioen. Sy waard ek tsien kear Hongaarsk kampioen.
Ágnes Keleti | ||
sporter | ||
Ágnes Keleti (2021) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ágnes Keleti | |
bynamme | Aggi | |
nasjonaliteit | Hongaarsk | |
bertedatum | 9 jannewaris 1921 | |
berteplak | Bûdapest | |
stjerdatum | 2 jannewaris 2025 | |
stjerplak | Bûdapest | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Turnen | |
O.S. | Londen 1948, Helsinki 1952, Melbourne 1956 | |
debút | 1937 | |
karriêre-ein | 1958 | |
wichtige prestaasjes | ||
goud 5x Olympyske Spullen 1952, 1956 sulver 4x Olympyske Spullen 1948, 1952, 1956 brûns 2x Olympyske Spullen 1956 goud 1x WK 1954 sulver 2x WK 1954 |
Libbensrin
bewurkje seksjeKeleti soe yn 1940 (en letter ek yn 1944) dielnimme oan de Olympyske Simmerspullen, lykwols dizze wedstriden giene net troch fanwegen de Twadde Wrâldkriich. De Joadske Keleti oerlibbe de kriich mei help fan de Sweedske diplomaat Raoul Wallenberg, har heit ferstoar yn Auschwitz.
Om't se it geroft heard hie dat troude froulju net nei wurkkampen brocht waarden, boaske se yn 1944 yn sân hasten mei István Sárkány. Sárkány wie in Hongaarske turnster út de jierren 1930 dy't nasjonale titels helle en dielnaam oan de Olympyske Spullen fan Berlyn yn 1936. Se giene yn 1950 út inoar. Nei de kriich spile Keleti profesjoneel sello en begûn wer te turnjen.
Yn 1948 mocht se lang om let meidwaan oan de Olympyske Simmerspullen, lykwols koe se yn Londen ek net turnje, ditkear troch in blessuere. By dizze Spullen krige se wol in medalje foar de team mearkamp, om't se diel wie fan it team, nettsjinsteande oft se turne hie op in ûnderdiel.
Yn de âldens fan 31 jier naam se foar it earst echt diel oan de Olympyske Spullen. Yn Helsinki helle se fjouwer medaljes: goud op de flier, sulver en brûns mei it team en yndividueel brûns op de ûngelykse brêge. Keleti die yn 1954 mei oan de wrâldkampioenskippen yn Rome, dêr't se wrâldkampioene waard op de ûngelikense brêge.
Op de Olympyske Simmerspullen fan 1956 yn Melbourne wûn Keleti seis medaljes, wêrûnder goud yn trije fan de fjouwer yndividuele finales.
Nei oanlieding fan it bluodderige yngripen fan de Sovjet-Uny yn Hongarije. Keleti besleat, tegearre mei 44 oare atleten fan de Hongaarske delegaasje, yn Austraalje te bliuwen en krige polityk asyl. Se waard treenster foar de Australyske turnsters. Keleti emigrearre yn 1957 nei Israel. Nei har wedstriidkarriêre wurke Keleti as dosint lichaamlike opfieding. Yn 1959 boaske se mei de Hongaarske learaar lichaamlike opfieding Robert Biro, dy't se yn Israel moete hie, en se krigen twa soannen, Daniel en Rafael.
Keleti treende it nasjonale turnteam fan Israel oant fier yn de jierren 1990. Yn 2015 kaam se werom nei har heitelân Hongarije.
Ágnes Keleti ferstoar op 2 jannewaris 2025, yn 'e âldens fan 103 jier, nei in koart siikbêd.
Aldste Olympyske kampioen
bewurkje seksjeSûnt it ferstjerren fan de Finske skyrinster Lydia Wideman op 13 april 2019 wie Keleti de âldste libbene olympyske kampioen. As âldste noch libjende Olympiër mei goud wurdt se opfolge troch Charles Coste, Frânsk hurdfytser.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|