Houlikspolityk

(Trochferwiisd fan Úthylke)

Houlikspolityk wie foarhinne in ferskynsel dat in protte brûkt waard om middels en macht binnen in aadlik laach te hâlden of oanwinne te litten. Dêrby gie it om it beävensearjen fan in ferstânshoulik tusken leden fan twa aadlike famyljes binnen itselde lân of tusken twa foarstehuzen dy't regearren oer ferskillende lannen. Yn dat ferbân wie de froulike partner yn 'e regel de swakkere partij, en spriek men sadwaande fan it úthylkjen fan in frou of famke. Foar de manlike partner waard dy term frijwol nea brûkt.

It arranzjearre houlik fan 'e Frânske kening Loadewyk XIV
Antoine Dieu (om 1661–1727)

In houlik dat út sokke diplomatike regelings fuortkaam, wie altyd in arranzjearre houlik, mar hoegde net altyd ek leafdeleas te wêzen of te bliuwen. It houlik tusken de Fryske steedhâlder Willem IV en Anna fan Hannover, de dochter fan 'e Britske kening George II, dat op krekt sa'n wize ta stân kaam, wie bygelyks tige leafdefol. Faak troffen de beide partners it lykwols net sa goed, en libben se fierhinne byinoar lâns. De manlike partner socht dan faak syn heil yn relaasjes mei mêtresses, en soms naam de froulike partner ek in minner.

Houlikspolityk is suver sa âld as de minskheid, en is yn 'e Westerske kultuer dokumintearre fan 'e iere Grykske Aldheid ôf. De myte oer Helena fan Troaje en har ûngelokkige houlik mei kening Menelaos fan Sparta (foar't se útnaaide mei de Trojaanske prins Paris) is wierskynlik it bekendste ferhaal oer houlikspolityk út 'e Prehistoarje. Yn oare kultueren, lykas dy fan Mesopotaamje, Egypte, Sina, Yndia en Japan giet houlikspolityk teminsten likefier yn 'e skiednis werom.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.