Sjê-talen

(Trochferwiisd fan Akwe-talen)

De Sjê-talen (Portegeesk: of , beide útspr. as [ʒɛ:], likernôch: "zjê") foarmje in taalfamylje yn sintraal Brazylje. Soms wurde dizze talen ek de Sjê-Kaingang-talen neamd. Se wurde sprutsen troch de lânseigen Yndiaanske Sjê-folken. Dêrûnder binne guon fan 'e grutste Yndiaanske befolkingsgroepen fan Brazylje, lykas de Kaingang (33.000) en de Sjavante (15.000).

Sjê-talen
algemien
oare namme(n) Gê, Jê, Sjê-Kaingang
lokaasje sintraal Brazylje
tal talen ±16
tal sprekkers ±47.000 (1989-2014)
taalbesibskip
taalfamylje Makro-Sjê-talen
subgroepen Noardlik Sjê
Sintraal Sjê
Súdlik Sjê
Sjeiko

Tallen sprekkers

bewurkje seksje

Hoewol't ferskate talen fan 'e Sjê-famylje, lykas it Akroä en it Sjakriaba, al ier útstoarn binne, hearre ta de groep ek de Yndiaanske talen mei de grutste sprekkersoantallen fan Brazylje, lykas it Kaingang (18.000), it Sjavante (9.600) en it Kajapo (8.600). Yn totaal hawwe alle Sjê-talen mei-inoar 47.000 sprekkers op in etnyske befolking fan 79.000 minsken (wat delkomt op 59,5%).

Opbou en besibskip

bewurkje seksje

De Sjê-taalfamylje is opboud út trije grutte kloften: de Noardlike, Sintrale en Súdlike Sjê-talen, mei dêropta it útstoarne Sjeiko (Jeikó), dat in isolearre taal is binnen de Sjê-famylje. De posysje fan it Sjeiko yn 'e taalkloft is trouwens twifelich, mei't guon taalkundigen dy taal derbûten pleatse, as sustertaal fan alle Sjê-talen, yn 'e bredere Makro-Sjê-famylje. De Sjê-talen foarmje de kearn fan 'e Makro-Sjê-talen, dy't fierders in soad tûken omfiemet dy't tsjintwurdich noch mar út ien libbene taal besteane.

Underferdieling

bewurkje seksje
 
In lânkaart fan Brazylje (griis), mei de likernôge lokaasje fan 'e Sjê-talen (wite stippen) en de oare Makro-Sjê-talen (giel) werjûn. It ljochtgrize gebiet jout de oarspronklike, pre-koloniale fersprieding fan 'e Makro-Sjê-talen oan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.