Sjê-talen
De Sjê-talen (Portegeesk: Gê of Jê, beide útspr. as [ʒɛ:], likernôch: "zjê") foarmje in taalfamylje yn sintraal Brazylje. Soms wurde dizze talen ek de Sjê-Kaingang-talen neamd. Se wurde sprutsen troch de lânseigen Yndiaanske Sjê-folken. Dêrûnder binne guon fan 'e grutste Yndiaanske befolkingsgroepen fan Brazylje, lykas de Kaingang (33.000) en de Sjavante (15.000).
Sjê-talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Gê, Jê, Sjê-Kaingang | |
lokaasje | sintraal Brazylje | |
tal talen | ±16 | |
tal sprekkers | ±47.000 (1989-2014) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Makro-Sjê-talen | |
subgroepen | ● Noardlik Sjê ● Sintraal Sjê ● Súdlik Sjê ● Sjeiko † |
Tallen sprekkers
bewurkje seksjeHoewol't ferskate talen fan 'e Sjê-famylje, lykas it Akroä en it Sjakriaba, al ier útstoarn binne, hearre ta de groep ek de Yndiaanske talen mei de grutste sprekkersoantallen fan Brazylje, lykas it Kaingang (18.000), it Sjavante (9.600) en it Kajapo (8.600). Yn totaal hawwe alle Sjê-talen mei-inoar 47.000 sprekkers op in etnyske befolking fan 79.000 minsken (wat delkomt op 59,5%).
Opbou en besibskip
bewurkje seksjeDe Sjê-taalfamylje is opboud út trije grutte kloften: de Noardlike, Sintrale en Súdlike Sjê-talen, mei dêropta it útstoarne Sjeiko (Jeikó), dat in isolearre taal is binnen de Sjê-famylje. De posysje fan it Sjeiko yn 'e taalkloft is trouwens twifelich, mei't guon taalkundigen dy taal derbûten pleatse, as sustertaal fan alle Sjê-talen, yn 'e bredere Makro-Sjê-famylje. De Sjê-talen foarmje de kearn fan 'e Makro-Sjê-talen, dy't fierders in soad tûken omfiemet dy't tsjintwurdich noch mar út ien libbene taal besteane.
Underferdieling
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |