Albaanje

(Trochferwiisd fan Albanië)
Republika e Shqipërisë
Flagge fan Albaanje Wapen fan Albaanje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Albaanje
Offisjele taal Albaneesk
Haadstêd Tirana
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
28.748 km²
4,7­%
Ynwenners (2011) 2.821.977 (98/km2)
Munt Lek (ALL)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 28 novimber
Lânkoade ALB
Ynternet .al
Tillefoan 355

Albaanje is in lân op de Balkan. De haadstêd is Tirana en de presidint fân de republyk is sûnt 2002 Alfred Moisiu.

 
Kust yn Himarë

Albaanje leit op de Balkan, yn it súdeasten fan Europa. It lân wurdt begrinze troch Montenegro yn it noardwesten, Servje yn it noardeasten, Masedoanje yn it easten en Grikelân yn it suden. Yn it súdwesten leit de Ionyske see en yn it noardwesten de Adriatyske see. De totale kustlangte is 362 kilometer. It lânoerflak fan Albaanje is likernôch 28.748km², krekt wat lytser as Belgje.[1]

Albaanje bestiet benammen út heuvel- en bercheftich gebiet, útsein oan de Adriatyske kust. It heechste punt fan it lân is de top fan de Korab, mei 2.764 meter. De berch foarmet de grins mei Masedoanje. Likernôch 70% fan Albaanje bestiet út bercheftich terrein dy't foar in part min te berikken is. Mear as in tredde fan it lân bestiet út bosken en sompen en in selde part is greidlân; mar ien fiifde fan it lân is kultivearre.

De grutste rivieren fan it lân binne de Drin, de Mat, de Shkumbin, de Vijose en de Seman, mar dizzen binne meastentiids slim te befarren. Dizze rivieren ûntsteane benammen yn it heechlân en streame nei de Adriatyske see. De grutste marren fan it lân binne de Shkodërmar (ek de grutste mar fan de Balkan) yn it noarden en de Ohridmar en de Prespamar yn it easten. Al de marren lizze foar in part yn Albaanje.

Troch de lizzing fan Albaanje oan de Adriatyske en Ionyske see, de heechlannen yn it easten en de breedtegraad wêrop it lân leit, hat it Albaanje in grut ferskaat oan klimaten foar sa'n relatyf lyts lân. Oan de kust is it klimaat typysk Mediterraansk te neamen, mei hite, drûge simmers en mylde, wiete winters. It binnenlân mei syn bergen hat kâlde, strange winters mei in soad snie en mylde simmers.

De kuststreken hawwe sêfte winters, mei in trochsneed temperatuer fan 7 °C, de trochsneed temperatuer yn de simmer is 24 °C. Yn it súdlike part fan Albaanje leit de temperatuer lykwols in graad as fiif waarmer troch it jier hinne. De kâldste moannen binne jannewaris en febrewaris, de waarmste moannen binne july en augustus.

Yn fergelyk mei oare lannen yn Europa falt der in soad delslach yn Albaanje. De jierlikse trochsneed delslach is sa'n 1.300 milimeter.[2] Yn it noarden fan Albaanje kin de delslach oprinne oant 2.000 milimeter.[2] Likernôch 95% fan it reinwetter falt yn de winter.

Grutste plakken

bewurkje seksje

De tsien grutste stêden fan Albaanje binne:[3]

*Haadstêd fan Albaanje

Albaanje wie sûnt de 15e iuw part fan Turkije. Op 28 novimber 1912 rôp it lân de ûnôfhinklikens út. It waard 29 july 1913 erkend as ûnôfhinklik prinsdom, mar mei minder gebiet as de Albanen ta harren lân rekkenen. Yn de Earste Wrâldkriich waard it nije lân troch ferskate lannen ynnaam, mar nei de oarloch, yn 1921 waard de ûnôfhinklikens befêstige, wer mei de grinzen fan 1913. Yn 1925 waard Albaanje in republyk ûnder Achmed Zogû, dy't yn 1928 kening waard. Yn de tritiger jierren besocht Itaalje it bewâld oer Albaanje te krijen, en naam it lân yn 1939 yn, oant Dútslân de besetting yn 1943 oernaam.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard Albaanje in kommunistyske republyk. Der wie hieltyd noch in drang nei in grutter Albaanje, mar om't Metoheija, it lân oer de eastgrins, no part wie fan Joegoslaavje, dat as protektor fan Albaanje fungearre, koe dêr net in soad oan dien wurde. Oarsom wie de relaasje mei Grikelân yn it suden net goed, om't in part fan it âlde Epirus part fan Albaanje wie, wylst Grikelân de Griken dêr part fan Grikelân meitsje woe. Doe't Joegoslaavje him yn 1948 ôfkearde fan de Sowjetuny, rekke Albaanje, dat dat net die, isolearre. Doe't de Sowjetuny en Joegoslaavje letter wer bannen foarmen fielden de Albanen harren allinne litten, en yn 1961 rjochte it lân him op kommunistysk Sina. Yn 1992 foel it kommunistyske regear, mar de demokratisearing en privatisearring soargen foar in soad problemen en skandalen, en alle jierren emigrearje in soad Albanen nei de buorlannen of fierder fuort.

 
Befolingsûntjouwing fan Albaanje

It lân leit der rûch hinne en hat natuerlike grinzen mei oanswettende lannen en wie dêrtroch dat it lân yn it ferline syn etnyske eigenheid hâlde kinnen. Likernôch 90% fan de befolking is etnysk Albaneesk, 3% is Gryksk en dan binne der noch Flach-, Bulgaarske, Servyske en sigeunerminderheden. Albaanje wurdt skaaimerke as in Balkanlân, mar ûnderskiedet him op ferskate mêden fan de lannen deromhinne.

De Albaneeske taal is in aparte taalgroep yn de Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Albaneesk wurdt ek praat yn Kosovo. Minderheidstalen yn Albaanje binne it Massedoanysk en Gryksk.

It tal minsken dat oan de islam wurdt rûsd op 70% fan de befolking. In twa-tredde part fan de minsken soe kristlik wêze. Yn de Kâlde Kriich wie Albaanje in ateïstyske steat en it praktisearjen fan it leauwen wie ferbean. De tsjerken en moskeeën wienen fan 1967 oant en mei 1990 sletten. De sifers binne basearre op boarnen fan foar de Twadde Wrâldkriich.

BYP per persoan is $5.800 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 21,2% lânbou, 20,5% yndustry en 58,3% tsjinsten. Nei de kommunistyske tiid waard de ekonomy yn 1992 privatisearre. De ekonomy woe nei de Kâlde Kriich minder hurd op gong komme as yn de oanswettende Balkan lannen. De ynflaasje is lykwols laach en stabyl. Likernôch 15% fan it BYP wurdt betelle troch Albaanjers om utens dy't it jild op bankrekkens fan famyljeleden stoarte. Enerzjytekoarten en in minne ynfrastruktuer meitsje it lân net sa oantreklik foar bûtenlânske ynvestearders. Mei subsydzje fan de Jeropeeske Uny besiket Albaanje syn diken en spoardiken te ferbetterjen.

Struktuer

De Albaanske definsje hat in kommando foar dêr't de lânmacht, loftmacht en marine ûnder falle. In stypjende ienheid mei dy't ek ferantwurdlik is foar de logistyk. En in apart kommando foar training en oplieding (2009).

Mankracht

Yn 2004 wienen der 944.592 Albaanske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 800.665 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2009 wienen dat der 34.778.

Budzjet

Persintaazje fan it BYP 1,49 % (2005).

De wichtichste fleanhaven fan Albaanje is Tirana Rinas Mother Teresa deunby Tirana.
Albaanje hat (2008):
7.020 km ferhurde dyk.
447 km spoardyk.
43 km farwetter.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Wikiwurdboek: Albaanje – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
  Wikimedia-atlas: Albaanje – geografyske en histoaryske kaarten
  Commons: Albaanje – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CIA Factbook (sjoen op 19 novimber 2010)
  2. 2,0 2,1 Weer en klimaat van Albanië, Reisbijbel.nl (sjoen op 19 novimber 2010)
  3. Census 1 april 2001, citypopulation.de
Jeropeeske Uny  
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
  ·   ·