Amadou Toumani Touré

Amadou Toumani Touré (Mopti, 4 novimber 1948Istanbûl, 10 novimber 2020) wie in Malineesk militêr en politikus. Hy klom yn 'e lânmacht fan Maly op ta kommandant fan 'e presidinsjele garde. By de Malineeske Revolúsje fan 1991 rûn er oer nei it folk en arrestearre er presidint Moussa Traoré. Neitiid wied er in foech jier interim-presidint en joech er lieding oan 'e oergong nei de demokrasy. Nei't er ôfswaaid wie út it leger, gied er de polityk yn en yn 2002 waard er de twadde demokratysk keazen presidint fan syn lân. Yn 2012 waard er by in steatsgreep troch ûntefreden soldaten ôfset.

Amadou Toumani Touré
politikus
nasjonaliteit Malineesk
bertedatum 4 novimber 1948
berteplak Mopti (Frânske Sûdaan)
stjerdatum 10 novimber 2020
stjerplak Istanbûl (Turkije)
etnisiteit Fûlany
partij ûnôfhinklik
presidint fan Maly
amtsperioade 20022012
foargonger Alpha Oumar Konaré
opfolger Amadou Sanogo (interim)
interim-presidint fan Maly
amtsperioade 19911992
foargonger Moussa Traoré
opfolger Alpha Oumar Konaré

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Touré waard yn 1948 berne yn Mopti, in stêd oan 'e rivier de Niger yn wat doe de Frânske Sûdaan wie. Hy wie in etnyske Fûlany. Doe't er tolve jier wie, waard Maly yn 1960 in ûnôfhinklik lân. Fan 1966 oant 1969 folge er fuortset ûnderwiis oan 'e École Badalabougou yn Bamako, mei as doel om skoalmaster te wurden. Ynstee joech er him úteinlik by it leger, en learde er fierder oan it Yntermilitêr Kolleezje yn Kati.

Touré kaam by it parasjutistekorps fan 'e Malineeske Striidkrêften en klom fluch op troch de rangen. Dêrfoar folge er ferskate trainings en opliedings yn 'e Sovjet-Uny en Frankryk. Yn 1984 waard er de kommandant fan it parasjutistekorps en letter ek fan 'e presidinsjele garde. Yn maart 1991 rûn it gewelddiedich delslaan fan demonstraasjes tsjin 'e Malineeske militêre diktatuer út op in folksopstân dy't oanlieding joech ta de Malineeske Revolúsje. Dêrby wegere it leger noch tsjin 'e demonstranten fanwegen te kommen. Kolonel Touré rûn oer nei it folk en arrestearre diktator Moussa Traoré.

 
Amadou Toumani Touré (midden, rj.) mei presidint Luiz Inácio Lula da Silva fan Brazylje.

Neitiid waard Touré op 26 maart 1991 oansteld as de foarsitter fan it Oergongskomitee foar it Wolwêzen fan it Folk, dat Maly omfoarmje moast ta in demokrasy. Feitliks kaam dat del op 'e funksje fan interim-presidint. Touré hie de lieding oer de nasjonale gearkomste dy't in nije grûnwet foar Maly opstelde, en teffens beävensearre hy it hâlden fan frije en earlike ferkiezings yn 1992. Op 8 juny fan dat jier droech er de macht yn it lân oer oan 'e earste demokratysk keazen Malineeske presidint, Alpha Oumar Konaré. Dêrmei wûn er de bynamme "Soldaat fan 'e Demokrasy". Konaré befoardere him ta de rang fan generaal. Yn juny 2001 tsjinne er koart as in spesjale gesant foar de sekretaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes Kofi Annan. Dyselde stjoerde him út nei de Sintraal-Afrikaanske Republyk, dêr't koartby in mislearre steatsgreep foarfallen wie.

Yn septimber 2001 frege Touré syn pinsjonearring oan út 'e Malineeske Striidkrêften. Nei't him dat tastien wie, gied er as amtleas en partijleas boarger de polityk yn en stelde er him by de Malineeske ferkiezings fan 2002 kandidaat foar it presidintskip. Yn 'e earste omgong wûn er 28,7% fan 'e stimmen, en yn 'e twadde omgong (dêr't allinne de beide heechst einige kandidaten út 'e earste omgong oan meidiene) helle er 64,4% fan 'e stimmen. Syn tsjinstanner, de eardere minister Soumaïle Cissé fan 'e ADEMA-partij, behelle mar 35,7%. Touré waard op 8 juny 2002 ynsward as de twadde demokratysk keazen presidint fan Maly. Syn presidintskip wie atypysk, mei't er sels net lid fan in politike partij wie en leden fan alle Malineeske partijen yn syn regear opnaam. Hy beneamde efterinoar Ahmed Mohamed ag Hamani (2002), Ousmane Issoufi Maiga (2004) en Modibo Sidibé (2007) ta premier.

Yn 2007 die Touré op 'e nij mei oan 'e Malineeske presidintsferkiezings. Yn 'e earste omgong wûn er al rom mear de 50% fan 'e stimmen dy't nedich wie om in twadde omgong oerstallich te meitsjen, ntl. 71,2%. Syn wichtichste tsjinstanner, parlemintsfoarsitter Ibrahima Boubacar Keita, behelle mar 19,2% fan 'e stimmen. De opposysje wegere dy útkomst te akseptearjen en spriek fan stimbusfraude, mar neffens ynternasjonale waarnimmers wiene de ferkiezings frij en earlik ferrûn. Yn syn twadde termyn as presidint ferbettere Touré de ynfrastruktuer fan syn lân en rjochte er ek it earste Malineeske syktekostefersekeringssysteem op. Yn 2011 befêstige er by in parsekonferinsje dat er him hâlde soe oan it yn 'e grûnwet fêstleine maksimum fan twa presidintskipsterminen, en dat er him by de Malineeske presidintsferkiezings fan 2012 net op 'e nij ferkiesber stelle soe.

 
Amadou Toumani Touré op besite by presidint George W. Bush fan 'e Feriene Steaten.

Ear't it safier komme koe, briek der op 16 jannewaris 2012 yn it noarden fan Maly in opstân út mank de etnyske Tûarek. Dêrby waarden yn Aguel Hoc by de grins mei Niger mear as tachtich Malineeske soldaten ôfslachte. Dat foarfal late ta ûnrêst ûnder de Malineeske Striidkrêften. De soldaten beskuldigen Touré fan wanbelied om't der tekoarten oan munysje ûntstien wiene. Doe't de minister fan Definsje op 21 maart in legerbasis yn Kati besocht, ûntstie dêr ûnder de soldaten rebûlje, dy't him ûntjoech ta in steatsgreep ûnder lieding fan kaptein Amadou Sanogo. Touré moast ûnderdûke en hold him mear as twa wiken lang beskûl. Yn dy tiid waard der ûnder bûtenlânske bemiddeling fan 'e Ekonomyske Mienskip fan Westafrikaanske Steaten (ECOWAS) in akkoart berikt mei de nije machthawwers. Op 8 april kaam Touré wer foar it ljocht, om as ûnderdiel fan 'e makke ôfspraken formeel ôf te treden as presidint. Op 19 april gied er yn ballingskip yn Senegal.

Fiif jier letter, op 24 desimber 2017, koe Touré wer nei syn heitelân weromkeare.

Priveelibben

bewurkje seksje

Touré wie troud mei Lobbo Traoré, mei wa't er trije dochters hie.

Touré kaam op 10 novimber 2020 yn 'e âlderdom fan 72 jier te ferstjerren yn it Turkske Istanbûl.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.