Amber Brantsen
Amber Brantsen (útspr.: [ˈɛmbər], "em-bur"; Zoetermeer, 9 septimber 1989) is in Nederlânsk nijslêzeresse, radiopresintatrise en sportferslachjouster.
Amber Brantsen | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Amber Brantsen yn 2018 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Amber Brantsen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 9 septimber 1989 | |
berteplak | Zoetermeer (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk Yndiaansk Sineesk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | nijslêzeresse, radiopresintatrise | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | Omrop West, NOS | |
bekend fan | NOS Journaal | |
jierren aktyf | 2012 – no | |
offisjele webside | ||
www.amberbrantsen.nl |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeBrantsen waard yn 1989 berne as de dochter fan in etnysk Nederlânske heit en in út Suriname ôfkomstige mem.[1][2] Har beppe oan memmekant wie in Yndiaanse út it Surinaamske binnenlân,[1] wylst har pake oan memmekant fan Surinaamsk-Sineesk komôf wie.[1] Har âlden skieden doe't se noch hiel jong wie.[2] Se waard yn Zoetermeer grutbrocht troch har mem.[2]
Brantsen studearre fan 2010 oant 2014 bestjoerskunde oan 'e Ryksuniversiteit Leien.[1][2] Under har studintetiid wurke se fanôf maaie 2012 twa jier lang as radiopresintatrise (benammen nijslêzeresse), haadredaktrise en contentmanager by de radiostjoerder Unity FM.[1] Fierders wie se fanôf july 2013 ek nijslêzeresse op 'e radio by de regionale Omrop West.[1]
Karriêre
bewurkje seksjeFan augustus 2014 oant en mei jannewaris 2015 wurke Brantsen dêr as nijslêzeresse en redaktrise fan it programma Bureau Regio.[1] Yn 2015 waard har in ferlykbere funksje taparte by de NOS, dêr't se troch it radioprogramma NOS op 3 in lanlik berik krige.[1] Yn desimber 2015 waard se troch de Volkskrant útroppen ta "it radiotalint fan it jier".[1]
Op 4 jannewaris 2016 stapte Brantsen oer nei it Radio 1 Journaal, as fêste mei-presintatrise njonken Jurgen van den Berg.[1] Yn desimber fan dat jier waard se mei Eva Cleven fan FunX en Anita Sara Nederlof fan RTV Utert nominearre foar de prestizjeuze twajierlikse Philip Bloemendal Priis foar talintfolle jonge presintators (de winner wie Cleven).
Op 25 july 2017 presintearre Brantsen it Radio 1 Journaal foar it lêst, mei't se fan mids augustus ôf nijslêzeresse fan it NOS Journaal op 'e tillefyzje waard.[1] Dêr presintearre se yn 't eartoan de oerdeiske nijsbulletêns as ferfangster fan Rik van de Westelaken, dy't begjin augustus de NOS ferruile foar SBS.[1][2] Op 1 jannewaris 2019 fersoarge se foar it earst de presintaasje fan it prestizjeuze NOS Journaal fan acht oere jûns.[2]
Op 'e iere moarn fan 8 july 2020 rekke Brantsen ûnder de presintaasje fan it NOS Journaal ûnwol. It die bliken dat se sân wiken swier wie (wat se behalven oan har freon noch oan nimmen ferteld hie), en se hie lêst fan slimme moarnsmislikens.[2][3]
Yn novimber 2021 gie Brantsen by de NOS wei, om op 'e streamingtsjinst Viaplay ferslachjouster fan 'e Formule 1-races te wurden.[4] Sûnt april 2024 is hja yn dy hoedanichheid ek te sjen op it tillefyzjekanaal Viaplay TV, it eardere SBS9.[4]
Priveelibben
bewurkje seksjeAmber Brantsen wennet gear yn Utert mei har freon Rachid Finge.[2] Hja befoel yn maart 2021 fan in sûn dochterke[2] en krige yn 2024 in soan.[4]
Brantsen neamt harsels in perfeksjonist.[2] Mids septimber 2020 publisearre Brantsen it autobiografyske Uit Beeld, in boek wêryn't se iepenhertich fertelt oer har wrakseling mei anoreksia nervosa en depressiviteit omtrint 2009, doe't se tweintich jier wie.[2][3]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |