Amerikaanske Uny foar Boargerlike Frijheden

De Amerikaanske Uny foar Boargerlike Frijheden (Ingelsk en offisjeel: American Civil Liberties Union), ek bekend ûnder de ôfkoarting ACLU, is in Amerikaanske non-profitorganisaasje dy't himsels ta doel stelt om 'e yndividuële rjochten fan alle persoanen yn 'e Feriene Steaten te ferdigenjen en te hanthavenjen, sa't dy fêstlein binne yn 'e Amerikaanske Grûnwet. De organisaasje, dy't aktyf is yn alle fyftich Amerikaanske steaten en dêropta yn Washington, D.C. en Porto Riko, is offisjeel ûnpartijich, en kriget geregeldwei krityk út sawol progressive as konservative hoeke. De ACLU hie yn 2017 1,2 miljoen leden, krapoan 300 betelle wurknimmers, ferskate tûzenen frijwilligers en in budget fan $100 miljoen. De wichtichste taken fan 'e ACLU binne it jaan fan juridyske bystân oan lju fan wa't (nei de miening fan 'e ACLU) de boargerrjochten yn 'e knoei komme, it beävensearjen fan in politike lobby by it Amerikaanske Kongres, it regear en oare oerheidsynstellings, en it jaan fan foarljochting oer boargerrjochten oan it publyk.

Amerikaanske Uny foar
Boargerlike Frijheden
American Civil Liberties Union
algemiene ynformaasje
ôfkoarting ACLU
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. feriening, non-profit
wurkmêd opkommen foar boargerrjochten
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1920
fuortk. út NCLB
tal leden 1,2 miljoen (2017)
wurknimmers ±300
aktyf yn Feriene Steaten, Porto Riko
offisjele webside
www.aclu.org

Organisatoaryske opbou

bewurkje seksje

De beweging bestiet ein út twa selsstannige mar nau ferbûne organisaasjes: de American Civil Liberties Union, in feriening mei leden, en de ACLU Foundation, in stifting sûnder leden mar mei de formele status fan in goed doel. Beide organisaasjes binne behelle yn it ferdigenjen fan boargerrjochten, it fieren fan rjochtsaken foar datselde doel, en it jaan fan ûnderrjocht oer dat ûnderwerp, mar allinne skinkings oan 'e stifting binne jildige ôflûkposten by it dwaan fan belestingoanjeften, en allinnich de feriening mei him opstelle as in politike lobbygroep.

De ACLU giet werom op it Nasjonaal Buro foar Boargerlike Frijheden (National Civil Liberties Bureau, NCLB), dat yn 1917 oprjochte waard. Sels ûntstie de ACLU trije jier letter, yn 1920. Mank de oprjochters wiene aktivisten as Jane Addams, Roger Baldwin, Albert DeSilver, Crystal Eastman, Morris Ernst, Elizabeth Flynn, Felix Frankfurter, Arthur Garfield Hays, Helen Keller, Walter Nelles en Rose Schneiderman. It gie yn it begjin benammen om it ferdigenjen fan 'e frijheid fan mieningsutering fan anty-oarlochsdemontranten. Geandewei de 1920-er jierren waard dat smelle wurkmêd útwreide om ek de frijheid fan mieningsutering fan keunstners en fan stakende wurknimmers te ferdigenjen. Tagelyk sette de ACLU útein mei in gearwurking mei de NAACP dy't oant hjoed de dei ta duorret, om rasisme en diskriminaasje tsjin te gean.

Yn 'e 1930-er jierren kante de ACLU him oan tsjin plysjegeweld en waard it ferdigenjen fan 'e rjochten fan 'e Yndianen opnommen yn it takepakket. Yn dy snuorje wie de organisaasje benammen tige aktyf by it ferdigenjen fan leden fan 'e Kommunistyske Partij fan de Feriene Steaten fan Amearika (CPUSA) en fan 'e (pasifistyske) Jehova's tsjûgen. Yn 1940 fûn in stimming plak wêrby't it bestjoer fan 'e ACLU besleat om kommunisten te warjen út liedingjaande posysjes binnen de organisaasje. Elizabeth Flynn, ien fan 'e oprjochters, dy't teffens lid fan 'e CPUSA wie, waard doe út it bestjoer set. Under de Twadde Wrâldoarloch besocht de ACLU om 'e nocht om foar te kommen dat Amerikaanske boargers fan etnysk Japansk komôf opsletten waarden yn ynternearringskampen.

Under de Kâlde Oarloch waard it haadkantoar fan 'e ACLU behearske troch anty-kommunisten, dy't tsjinkearden dat de ACLU belutsen rekke by de ferdigening fan Eugene Dennis en oare lieders fan 'e CPUSA. Mei dêrtroch ferdwûnen dyselden, èn harren abbekaten, allegear efter de traaljes. Yn kontrast mei it belied fan it lanlike bestjoer ferdigenen in soad pleatslike ôfdielings fan 'e ACLU wol leden fan 'e CPUSA. Uteinlik waard yn 1968 it beslút út 1940 ûngedien makke dat kommunisten út it bestjoer kearde, en Elizabeth Flynn waard yn 1970 symboalysk (want postúm) wer yn it bestjoer fan 'e ACLU opnommen. De opstelling foar kommunisten oer ûnder de Kâlde Oarloch is ien fan 'e foarfallen út it ferline fan 'e organisaasje dêr't de ACLU noch altyd in soad krityk op kriget.

Tsjin 1964 hie de ACLU 80.000 leden. Yn de 1960-er jierren wie de organisaasje benammen warber troch te besykjen om yn 'e Feriene Steaten de wetlike skieding tusken tsjerke en steat ôf te twingen, en by de ferdigening fan anty-oarlochsaktivisten yn it ramt fan 'e protesten tsjin 'e Fjetnamoarloch. Ek wie de ACLU behelle yn 'e rjochtsaak Miranda v. Arizona, dy't gie oer it hâlden en dragen fan 'e plysje by ferhearren, en yn 'e rjochtsaak New York Times Co. v. United States, dy't útdraaide op nije regeljouwing om 'e parse te beskermjen as dy ferslach die fan oerheidsaktiviteiten. Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren bejoech de ACLU him op ûnûntgûn terrein, lykas de ferdigening fan 'e rjochten fan homoseksuëlen, studinten, finzenen en earmen. Yn 'e ienentweintichste iuw kante de organisaasje him oan tsjin it ûnderwiis fan kreäsjonisme (oftewol it skeppingsferhaal út 'e Bibel) yn it iepenbier ûnderwiis. Teffens waarden der ferskate rjochtsaken fierd om 'e beheining fan privacyrjochten yn it ramt fan 'e terrorismebestriding ûngedien te meitsjen.

De ACLU is foar
De ACLU is tsjin

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.