G.P. Putnam's Sons

(Trochferwiisd fan Amy Einhorn (útjouwerij))

G.P. Putnam's Sons is in bekende Amerikaanske útjouwerij, dy't oprjochte waard yn 1838 en fêstige is yn New York. Sûnt 1996 makket it bedriuw ûnderdiel út fan 'e Penguin Group en is it ymprint wurden.

G.P. Putnam's Sons
algemien
hist. namme Wiley & Putnam
G.P. Putnam & Co.
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1838
oprjochter George Palmer Putnam en
John Wiley
eigner Pearson PLC
mem de Penguin Group
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
us.penguingroup.com

De útjouwerij waard yn 1838 oprjochte troch George Palmer Putnam en John Wiley ûnder de namme fan Wiley & Putnam. Yn 1841 reizge Putnam nei de Britske haadstêd Londen ta, dêr't er in filiaal fan syn bedriuw opsette, as earste Amerikaanske útjouwer ea. Doe't er yn 1848 weromkearde nei New York, kocht er Wiley út en gie allinnich fierder mei de útjouwerij ûnder de namme G.P. Putnam & Co. Wiley rjochte dêrnei syn eigen útjouwerij op, John Wiley & Co. (letter John Wiley and Sons), dy't noch altyd fuortlibbet as in selsstannich bedriuw.

 
George Palmer Putnam, oprjochter fan 'e útjouwerij.

Putnam waard yn 'e Feriene Steaten in bekende namme troch de útjefte fan it tydskrift Putnam's Magazine, dêr't yn 1853 mei úteinsetten waard. Nei it ferstjerren fan George Palmer Putnam, yn 1872, urven syn soannen George H., John en Irving Putnam de útjouwerij, en waard de namme feroare yn G.P. Putnam's Sons. George H. Putnam waard de presidint-direkteur fan it bedriuw, in funksje dy't er 52 jier lang, oant 1924, beklaaie soe. Yn dy tiid ûntjoech de útjouwerij him ta in respektearre bedriuw, dêr't wurk ferskynde fan bgl. James Fenimore Cooper, Edgar Allan Poe en Theodore Roosevelt. Der waard in eigen drukkerij opsetten, dy't yn 1889 losmakke waard fan 'e útjouwerij en ûnder de namme Knickerbocker Press selsstannich fierder gie.

Nei it ferstjerren fan George H. Putnam yn 1930 keazen de erven Putnam derfoar om 'e útjouwerij fúzjearje te litten mei de firma Minton, Balch & Co., wêrfan't de eigners neitiid wichtige oandielhâlders yn it bedriuw waarden. Presidint-direkteur waard George P. Putnam, de soan fan George H., dy't troud wie mei de ferneamde piloate Amelia Earhart. Nei syn dea yn 1950 waard Melville Minton, ien fan 'e foaroanmannen fan Minton, Balch & Co., waarnimmend presidint-direkteur, wat er bleau oant syn ferstjerren yn 1956. Hy waard opfolge troch syn soan Walter J. Minton, dy't G.P. Putnam's Sons ta ien fan 'e meast foaroansteande útjouwerijen fan 'e Feriene Steaten makke, dêr't wurken publisearre waarden fan û.m. Robert A. Heinlein, Washington Irving, Charles Lindbergh, Vladimir Nabokov en Frederick Law Olmsted.

Underwilens hie G.P. Putnam's Sons yn 1936 al de lytsere útjouwerij Coward-McCann (letter Coward, McCann & Geoghegan) oernommen, wêrfan't it de namme oant yn 'e tachtiger jierren yn libben hold as ymprint. Yn 1965 kocht G.P. Putnam's Sons Berkley Books oan, in útjouwer fan paperbacks foar de massamerk. Yn 1975 waarden Putnam en Berkley sels ferkocht oan 'e Music Corporation of America. Yn 1982 kocht Putnam de heech oanskreaune berneboeke-útjouwerij Grosset & Dunlap oan. MCA ferkocht it hiele spul yn 1996 troch oan 'e Penguin Group, dat sels in difyzje wie fan 'e Britske útjouwersconcern Pearson PLC. Sûnt is de namme G.P. Putnam's Sons ta in ymprint wurden dêr't fral literatuer foar jongfolwoeksenen ûnder útjûn wurdt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.