Andréastsjerke (Stienwikerwâld)
De Andréastsjerke is de protestantske tsjerke fan Stienwikerwâld (Oerisel).
Andréastsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Oerisel | |
gemeente | Stienwikerlân | |
plak | Stienwikerwâld | |
adres | Oldemarktseweg 72 | |
koördinaten | 52° 48'N 6° 4' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 15e iuw | |
boustyl | gotyk | |
Webside | ||
Side fan de gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis gebou
bewurkje seksjeOarspronklik wiene de bewenners fan it doarp Stienwikerwâld tsjerklik oriïntearre op Stienwyk. Oan 'e ein fan 'e 14e iuw fregen de slim isolearre doarpsbewenners lykwols om tastimming foar de bou fan in eigen tsjerke. Om 1400 waard útein set mei de bou fan de Andréastsjerke. It ienskippige en let-goatyske tsjerkegebou waard yn twa fazes boud. Earst ûntstie it koer en dêrnei, yn it earste fearn fan 'e 15e iuw, waard it skip oanboud.
Oant 1592 bleau de tsjerke in katolyk bouwurk. Yn dat jier namen de protestanten de tsjerke oer en waard de katolike ritus ferbean.
De konsistoarje oan 'e noardlike kant fan de tsjerke is in 19e-iuwske tafoeging.
Ynterieur
bewurkje seksjeMei de restauraasje yn 'e jierren 1950 krige it tsjerkeskip in nij balkeplafon. Ek waard de koerbôge wer yn goatyske foarm werom brocht. It koer hat in krúsribferwulft.
De fan Slavoanysk ikehout makke preekstoel datearret noch fan foar de Reformaasje. Dy is tige ryk fan fykwurk foarsjoen en heart ta de moaiste kânsels fan Nederlân.
In âlde Steatebibel waard yn 2001 út de tsjerke wei stellen nei't er earder troch muontsen fan it Kleaster Sion yn Dimter restaurearre wie. De gemeente krige dêrnei in Steatebibel fan de tsjerke yn Pepergea oanbean. De yn 1710 yn Doardt printe bibel waard op 30 juny 2002 op 'e kânsel lein.
Yn it geveltuorke hingje twa klokken. De lytse klok waard getten yn 1715. De âlde grutte klok gyng yn de Twadde Wrâldkriich ferlern en waard yn 1976 ferfongen troch de klok fan de ôfbrutsen herfoarme tsjerke fan Jutryp. Dy klok is yn 1949 getten troch Van Bergen út Midwolda.
De tsjerke krige der yn 'e 19e iuw noch al wat tsjerkefolk by om't ek de bewenners fan de troch kening Willem III stifte koloanje yn de Andreastsjerke tsjerken. De tsjerkeried frege yn 1846 in finansjele bydrage fan 'e kening om it tal sitplakken foar de koloanjebewenners út te wreidzjen. Der koe doe in kreake boud wurde mei in oargel.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel op 'e kreake koe nei in jefte fan kening Willem III boud wurde. It waard nei alle gedachten makke troch J.C. Schreuer út Swol. Yn 1949 waard it troch Bakker & Timmenga út Ljouwert restaurearre. Itselde oargelbedriuw restaurearre it ynstrumint nochris yn de jierren 1979-1980. It ynstrumint mei oanhongen pedaal telt 10 registers op ien manuaal. De tsjintwurdige kleur fan de kast stamt út 1996.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|