Andrea Mitscherlich

</noinclude> Andrea Ehrig-Mitscherlich (Dresden, 1 desimber 1960) is in earder Dútsk reedrydster. Wilens har karriêre kaam se út foar it doetiidske East-Dútslân. Se is ek wol bekend ûnder har troude nammen Andrea Schöne, en Andrea Ehrig.

Andrea Mitscherlich
Reedrider
Andrea Mitscherlich (1985)
Andrea Mitscherlich (1985)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Andrea Ehrig-Mitscherlich
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 1 desimber 1960
berteplak Dresden
lingte 1.65 m
gewicht 58 kg
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
O.S. Innsbruck, 1976,
Lake Placid 1980
Sarajevo 1984,
Calgary 1988
debút 1976
karriêre-ein 1988
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1984, 1984
5x sulver Olympyske Spullen 1976, 1984, 1988
1x brûns Olympyske Spullen 1988,
2x goud WK Allround 1983, 1985
4x sulver WK Allround 1982, 1984, 1986, 1987

As 15 jierrige wûn Mitscherlich op de Olympyske Winterspelen 1976 yn Innsbruck har earste medalje: sulver op de 3 km.

Yn 1982 waard se twadde op it WK allround, in jier letter, yn 1983, waard se sawol Europeesk- as Wrâldkampioen allround, yn 1985 helle se dizze dûbeldslach op 'en nij. Wêrnei't se yn 1986, 1987 en 1988 allinne noch Europeesk kampioen waard. By de WK's fan 1982, 1984, 1986 en 1987 einige se as twadde yn it klassemint, hieltyd efter har lângenoate Karin Enke.

Op de Olympyske Winterspullen 1988 yn it Kanadeeske Calgary fûn Mitscherlich de Nederlânske Yvonne van Gennip op har wei. Efter Van Gennip waard se twadde op de 3 en 5 km, en tredde op de 1500 meter. Fuort nei dizze Winterspullen beëinige se har reedriid karriêre.

Persoanlike rekords

bewurkje seksje
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 40,71 22 febrewaris 1988   Olympic Oval, Calgary
1000 meter 1.19,32 26 febrewaris 1988   Olympic Oval, Calgary
1500 meter 2.01,00 22 maart 1986   Medeo, Alma-Ata
3 km 4.12,09 23 febrewaris 1988   Olympic Oval, Calgary
5 km 7.17,12 28 febrewaris 1988   Olympic Oval, Calgary
jier EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1976 1500 m, 10e
3 km,  
1980 1500 m, 6e
3 km, 4e
1982 6e  
1983     6e
1984   1000 m,  
1500 m,  
3 km,  
1985     4e
1986     6e
1987     4e
1988   6e 500 m, 10e
1000 m, 4e
1500 m,  
3 km,  
5 km,  

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE