De Tocht fan de Argonauten
De Tocht fan de Argonauten, yn it oarspronklike Aldgryksk: de Argonautica, is in epysk gedicht fan 'e hân fan 'e Aldgrykske skriuwer Apolloanius fan Roados. Dyselde basearre syn wurk op in bekend ferhaal út 'e Grykske mytology. De Tocht fan de Argonauten ferhellet oer de held Jason, dy't der mei it skip de Argo op út tsjocht om it Goudene Flues te bemachtigjen, dat yn in fier lân bewekke wurdt troch in draak dy't nea sliept. It oarspronklike epos datearret út 'e trêde iuw f.Kr. De Fryske fertaling, fan 'e hân fan 'e bekroande oersetter Klaas Bruinsma, ferskynde yn 2016.
De Tocht fan de Argonauten | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Argonautica | |
auteur | Apolloanius fan Roados | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | epos | |
skreaun | 3e iuw f.Kr. | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Tocht fan de Argonauten | |
publikaasje | 2016, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Elikser | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | 978-9 08 95 48 511 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeApolloanius fan Roados waard by it dichtsjen fan 'e Argonautica dúdlik sterk beynfloede troch Homearus syn Odyssee. De styl fan it epos, it tema en de fersmjitte (seis fersfuotten yn in regel) binne allegear oernommen út it wurk fan Homearus. Dochs is de Argonautica gjin klisjee; krektoarsom, Apolloanius brocht gâns fariaasje oan, en foar syn tiid wie dit epos sels ynnovatyf. Dêrnjonken ferrike er it wurk mei in nij elemint, nammentlik de romantyske leafde, dy't yn Homearus syn wurk net foarkomt. Boppedat wie it tige populêr en oefene it neitiid in grutte ynfloed út oer de hellistyske kultuer fan it Ptolemayske Egypte. De Argonautica is fierders in stik koarter as de wurken fan Homearus; it bestiet út fjouwer dielen ('boeken') mei yn totaal 5.824 fersregels (ta ferliking: de Ilias omfiemet mear as 16.000 fersregels).
Ynhâld
bewurkje seksjeJason is de prins fan 'e Grykske stêdsteat Jolkus, dy't lykwols regearre wurdt troch syn omke Pelias. Dy is regint foar him yn 't plak wurden doe't er noch minderjierrich wie. Jason is no lykwols folwoeksen en wol it regear sels wol opnimme, mar syn omke easket dat er dêrfoar syn manlikheid bewiist en daget him út ta in wol hast ûnmooglike taak: it stellen fan it saneamde Goudene Flues, in skieppeflues fan goud dy't yn it fiere lân Kolchis bewekke wurdt troch in draak dy't nea sliept. Jason nimt de útdaging oan, lit in galei bouwe dat er de Argo neamt, en bringt in bemanning fan ûnferfearde helden gear dy't nei it skip de Argonauten neamd wurde.
Underweis nei Kolchis (no Georgje, yn 'e Kaukasus), belibje Jason en de Argonauten withoefolle spannende en soms eange aventoeren, wêrby't se it opnimme moatte tsjin barbaren, meunsters, reuzen en natoerkrêften. Op 'e eftergrûn spylje de goaden in beskieden rol as helpers en tsjinwurkers fan 'e kweeste. As de Argonauten úteinlik yn Kolchis oankomme, rekket Medéa, de dochter fan Ajêtes, de kening fan Kolchis, fereale op Jason. Hja is in machtich tsjoenster, en mei har help wit er it Gouden Flues te stellen.
Neitiid moatte Jason, Medéa en de Argonauten de wyk nimme foar de grime fan Ajêtes, dy't harren mei syn skippen neiset. Se flechtsje de Donau op en witte fia de Rône en de Po de Middellânske See te berikken, om dan fia de Golf fan Sirte yn 'e Lybyske woastyn te bedarjen. De weromweis stiet like bol fan 'e aventoeren as de hinneweis, mar lang om let witte de Argonauten dochs werom te kearen yn Grikelân. Tsjin dy tiid binne Jason en Medéa troud. It epos einiget mei de oankomst op it eilân Aigina, deunby Jolkus, mar foar't de konfrontaasje fan 'e triomfearjende Jason mei syn omke Pelias plakfine kin.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Argonautica waard yn 2016 ûnder de titel De Tocht fan de Argonauten yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma, in bekroand fertaler, dy't ek ferantwurdlik wie foar it ta stân kommen fan Frysktalige ferzjes fan oare klassike wurken út 'e Aldheid, lykas de Ilias en de Odyssee fan Homearus, de Metamorphoses fan Ovidius en de Georgica fan Fergilius. Foar de De Tocht fan de Argonauten basearre Bruinsma him op 'e Aldgrykske tekstútjefte fan R.C. Seaton út 1912. De oersetting, besteande út goed twahûndert siden, waard útbrocht by Utjouwerij Elikser te Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |