Bader (oargelbouwer)

oargelbouwer
(Trochferwiisd fan Arnold Bader)

De famylje Bader (ek wol Baders yn guon boarnen) wie yn de 17e iuw in famylje fan oargelbouwers fan Dútsk komôf. De famylje Bader wie foaral warber yn de Lege Lannen, mar ek yn Noard-Dútslân.

Daniel Bader (?? - Appingedam?, om 1638) wie de earste Bader dêr't fan witten is dat er oargelbouwer wie. Hy wurke yn it earstoan fral yn Belgje, mar is ferneamd wurden fan it fannijs bouwen fan it oargel fan de Sint Paulus Dom yn Múnster, dat yn 1624 troch syn soan Arnold reparearre wurde soe. Yn 1600 waard er lid fan it Sint Lukasgilde yn Antwerpen.

Fjouwer fan Daniel syn soannen waarden ek oargelbouwer: Hans Henrich, Ernst, Arnold en Tobias.

Arnold Bader (1601 - Dronryp, 1656 of 1657) en Tobias Bader (?? - Arum, 1666) wurken fan 1645 ôf út Ljouwert wei. Arnold wie yn 1626 troud mei in dochter fan de oargelbouwer Johann Busse, mei wa't er faak gearwurke yn Múnster. Arnold Bader makke de oargels fan ûnder oaren Stiens (1647), Drylts (1648) en Koudum (1651). Yn 1652 begûn er oan it oargel fan de tsjerke fan Dronryp, mar hy kaam te ferstjerren ear't it wurk dien wie. Tobias foltôge it oargel yn 1657 en ek dat fan Ternaard dêr't Arnold ek mei dwaande wie. Tobias ferstoar yn 1666, koart neidat er mei de bou fan it oargel fan Arum úteinset wie.

Beide bruorren arbeiden ek wol op mei Hans Henrich foardat sy yn Ljouwert bedarren, û.o. yn Múnster (1624/26) en Sutfen (1639-43). Trije soannen fan Hans Henrich gienen yn de fuotleasten fan har heit.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Richard Kassel, The organ: an encyclopedia; Jan Piet Knijff, Bader s. 45/46
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bader, Arnold en Tobias.