Aspen Shortsfest
It Aspen Shortsfest is in filmfestival op it mêd fan koarte films dat elts jier yn april holden wurdt yn it lúksueuze wintersportoard Aspen, yn 'e Rocky Mountains fan 'e Amerikaanske steat Colorado. Dit evenemint genietet ynternasjonale erkenning en is ien fan 'e wichtichste festivals foar koarte films yn Noard-Amearika. It bestiet sûnt 1979. It Aspen Shortsfest wurdt beävensarre troch Aspen Filmfest, in organisaasje dy't yn Aspen ek it filmfestival mei deselde namme foar lange films berêdt. De winners op it Aspen Shortsfest tingje automatysk yn deselde kategoryen mei nei de Oscars.
Aspen Shortsfest | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Colorado | |
county | Pitkin County | |
plak | Aspen | |
tiid fan it jier | april | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | filmfestival | |
sjenre | koarte films | |
bestean | 1979 – no | |
org. troch | Aspen Filmfest | |
offisjele webside | ||
aspenfilm.org/our-festivals/shortsfest/ |
Op it filmfestival wurde sawol ferheljende koarte films fertoand as koarte dokumintêres, en sawol live-action as koarte tekenfilms. Behalven út filmfertoanings bestiet it evenemint út paneldiskusjes, workshops en oare festiviteiten dy't wijd binne oan 'e keunst fan it meitsjen fan koarte films. It Aspen Shortsfest is in kompetatyf filmfestival, dêr't de as bêste beoardiele ynstjoerings bekroand wurde mei prizen dy't takend wurde troch in faksjuery. De filmfertoanngs fine plak op trije lokaasjes yn Aspen:
- it Wheeler Opera House (in skouboarch, eins bedoeld foar opera's, boud yn 1889)
- it Isis Theatre (in bioskoop boud yn 1915)
- it Crystal Theatre (in moderne bioskoop mei 125 sitten yn in âld gebou yn 'e binnenstêd)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |