Little, Brown Book Group

(Trochferwiisd fan Atom Books)

De Little, Brown Book Group is in Britske útjouwerij, dy't yn 1992 ûntstie by de oankeap troch it Amerikaanske Little, Brown and Company fan 'e Britske ymprint MacDonald Futura. De Little, Brown Book Group makket ûnderdiel út fan Hachette UK, de Britske difyzje fan 'e Frânske útjouwerij Hachette Livre.

Little, Brown Book Group
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1992
eigner Lagardère Group
fuortk. út MacDonald Futura
mem Hachette UK
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.littlebrown.co.uk

MacDonald Books waard oprjochte yn 1938, en Futura Books yn 1973. Nei de fúzje yn 1979 waard MacDonald Futura oernommen troch Maxwell Communications, dat it bedriuw yn 1992 trochferkocht oan 'e Amerikaanske útjouwerij Little, Brown and Company. MacDonald Futura waard dêrnei omneamd ta de Little, Brown Book Group, dat de Britske difyzje fan Little, Brown and Company waard.

Yn 2006 ferkocht Time Warner syn útjouwersdifyzje, dêr't ek Little, Brown and Company ûnder foel, oan 'e Frânske útjouwerij Hachette Livre, dy't ûnderdiel is fan 'e Lagardère Group. Hachette Livre keppele de Little, Brown Book Group los fan 'e Amerikaanske memme-ûndernimming, en brocht de útjouwerij ûnder by Hachette UK, syn Britske difyzje, wylst Little, Brown and Company by de Hachette Book Group, de Amerikaanske difyzje, kaam te hearren.

De Little, Brown Book Group jout û.m. de boeken foar folwoeksenen fan skriuwster J.K. Rowling út, en yn 2013 kaam der ek de autobiografy I Am Malala út, fan Nobelpriiswinneresse Malala Yousafzai.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Bibliography, op dizze side.