Orbit Books

(Trochferwiisd fan Orbit Australia)

Orbit Books is in Britske útjouwerij dy't fêstige is yn Londen en him taleit op 'e publikaasje fan science fiction- en fantasyliteratuer. Sûnt 2006 makket it bedriuw ûnderdiel út fan 'e Hachette UK, de Britske difyzje fan 'e Frânske útjouwerij Hachette Livre.

Orbit Books
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1974
eigner Lagardère Group
mem Little, Brown Book Group
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.orbitbooks.net

Orbit Books waard yn 1974 oprjochte as in ûnderdiel fan 'e Macdonald Futura útjouwerij, dy't yn 1992 oernommen waard troch Little, Brown and Company, in difyzje fan 'e Time Warner Book Group. Doe't Time Warner syn útjouwerstûke yn 2006 oan it Frânske multymediaconcern de Lagardère Group ferkocht, waard de Time Warner Book Group omneamd ta de Hachette Book Group en as dochterûndernimming tafoege oan Hachette Livre, de grutste útjouwersdifyzje fan Lagardère. Orbit waard dêrnei tafoege oan Hachette syn oare Britske útjouwerijen, as ûnderdiel fan 'e difyzje Hachette UK. Dêrbinnen heart it ta de Little, Brown Book Group. Under it nije bewâld krige Orbit Books de mooglikheid ta útwreiding, wat late ta de oprjochting fan ôfdielings yn 'e Feriene Steaten (Orbit U.S.) en Austraalje (Orbit Australia).

Under de skriuwers dy't har wurk by Orbit Books útbrocht hawwe, binne û.o.: Joe Abercrombie, Brian W. Aldiss, Kevin J. Anderson, Patricia Briggs, David Brin, Terry Brooks, Jim Butcher, Trudi Canavan, Orson Scott Card, James Clemens, Kate Elliott, Laurell K. Hamilton, Tanya Huff, N.K. Jemisin, J.V. Jones, Gail Z. Martin, Fiona McIntosh, Elizabeth Moon, K.J. Parker, Kim Stanley Robinson, Brandon Sanderson, Karen Traviss, Brent Weeks en Tad Williams

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.