Hachette Book Group

(Trochferwiisd fan Time Warner Book Group)

De Hachette Book Group (HBG), of ek wol de Hachette Book Group USA, is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York. It bedriuw bestiet sûnt 2006 en is in dochterûndernimming fan 'e Frânske útjouwerij Hachette Livre, dy't wer eigendom is fan 'e Lagardère Group. De Hachette Book Group is ien fan 'e fiif grutste útjouwerijen fan 'e Ingelsktalige wrâld (yn 'e mande mei HarperCollins, Holtzbrinck/Macmillan, Penguin Random House en Simon & Schuster). It bedriuw publisearret jiers likernôch 800 nije titels foar folwoeksenen, 200 titels foar jongfolwoeksenen en bern en 300 audioboeken.

Hachette Book Group
algemien
hist. namme Time Warner Trade Publishing
Time Warner Book Group
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 2006
eigner Lagardère Group
mem Hachette Livre
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.hachettebookgroup.com

Yn 1996 liet it Amerikaanske multymediaconcern Time Warner syn útjouwersdifyzjes yn 'e Feriene Steaten fúzjearje ta Time Warner Trade Publishing, dat letter omneamd waard ta de Time Warner Book Group. Yn 2003 besocht Time Warner dizze difyzje fan 'e hân te dwaan, mar krige der gjin heech genôge bedraggen foar bean. Op 31 maart 2006 slagge de ferkeap dochs noch, en gie de Time Warner Book Group oer yn 'e hannen fan 'e Frânske Lagardère Group. Dy pleatste de difyzje ûnder syn eigen útjouwerstûke, Hachette Livre, en joech it de namme fan 'e Hachette Book Group. Neitiid waard yn juny 2013 Hyperion Books noch oankocht fan Walt Disney Company.

yn ûnbrûk

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.