Little, Brown and Company

(Trochferwiisd fan Back Bay Books)

Little, Brown and Company (of Little, Brown & Co.) is in Amerikaanske útjouwerij, dy't oprjochte waard yn 1837 en fêstige is yn New York. Sûnt 2006 is it bedriuw eigendom fan 'e Hachette Book Group. Little, Brown and Company moat net betize wurde mei de Little, Brown Book Group, dat oarspronklik de Britske difyzje wie, mar dat sûnt 2006, as ûnderdiel fan Hachette UK, lykwols los fan Little, Brown and Company operearret.

Little, Brown and Company
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1837
oprjochter Charles Coffin Little en
James Brown
eigner Lagardère Group
mem Hachette Book Group
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.littlebrown.com

Little, Brown and Company waard yn 1837 oprjochte troch de útjouwers Charles Coffin Little en James Brown. It bedriuw lei him yn 't earstoan ta op 'e publikaasje fan juridyske traktaten en bûtenlânske (fral Britske) titels op it mêd fan non-fiksje. Desennialang wie it de wichtichste Amerikaanske útjouwerij fan juridyske en algemiene neislachwurken fan 'e Feriene Steaten, wêrûnder de Encyclopædia Brittannica. Fan 1845 oant 1874, doe't it Government Printing Office oprjochte waard, wie Little, Brown and Company boppedat ûnder in mienskiplike resolúsje fan beide huzen fan it Amerikaanske Kongres de offisjele útjouwer fan Amerikaanske wetsteksten.

Benammen fan 'e 1850-er jierren ôf begûn Little, Brown and Company ek fiksje en poëzij út te jaan, mei as hichtepunten in 96 dielen tellende rige oer it wurk fan Ingelske dichters fan Chaucer oant en mei Wordsworth, yn 1853-1858, en de Ingelske oersetting fan 'e roman Quo Vadis?, fan Henryk Sienkiewicz, yn 1896. Fan 1925 oant 1985 wurke Little, Brown and Company gear mei de Atlantic Monthley by de publikaasje fan û.m. All Quiet on the Western Front, fan Erich Maria Remarque, Mutiny on the Bounty, fan James Norman Hall, en The Catcher in the Rye, fan J.D. Salinger. Oare hichtepunten út 'e tweintichste iuw wiene de roman Little Women, fan Louisa May Alcott, en de poëzij fan Emily Dickinson. Ek skriuwers as de Dalai Lama, C.S. Forester, Henry Kissinger, Norman Mailer, Nelson Mandela, Stephenie Meyer, George Stephanopoulos, Gore Vidal en Herman Wouk lieten har wurk by Little, Brown and Company útjaan.

Yn 1968 waard de útjouwerij oernommen troch Time Inc., en nei de fúzje tusken Time en Warner Communications waard Little, Brown and Company yn 1989 ûnderbrocht by de Time Warner Book Group. Yn 1992 wreide Little, Brown and Company syn wurkterrein út nei Grut-Brittanje, troch de oankeap fan MacDonald Futura fan Maxwell Communications. Yn 1993 rjochte Little, Brown and Company fierders in nije ymprint foar paperbacks op, mei as namme Back Bay Books. Yn 1996 ferkocht Time Warner de non-fiksjedifyzje fan Little, Brown oan 'e Nederlânske útjouwerij Wolters Kluwer, dy't him ferdielde oer syn ymprints Aspen Publishers en Lippincott-Raven.

Yn 2006 ferkocht Time Warner syn útjouwersdifyzje oan 'e Frânske útjouwerij Hachette Livre, dy't ûnderdiel is fan 'e Lagardère Group. Hachette Livre neamde de Time Warner Book Group om ta de Hachette Book Group, dêr't sawol Little, Brown and Company as it dêr los fan steande Little, Brown Books for Young Readers ta hearre. Yn 2011 rjochte Little, Brown de ymprint Mulholland Books op foar de útjefte fan misdie- en detektiveromans.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side.