Augustinertsjerke (Mainz)

De Augustinertsjerke (Dútsk: Augustinerkirche) is in barokke roomske tsjerke yn de Dútske stêd Mainz. Yn de Twadde Wrâldkriich bleau de tsjerke sparre foar skansearrings troch de swiere bombardeminten op de stêd. De op de fûneminten fan in midsiuwske tsjerke boude tsjerke is de tsjerke fan it biskoplike preesterseminaarje Sint-Bonifatius.

Augustinertsjerke

Augustinerkirche

Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Mainz
adres Augustinerstraße
koördinaten 49° 59' N 8° 16' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Mainz
Arsjitektuer
boujier 1768-1771
boustyl Barok
Webside
Side seminaarje
Kaart
Augustinertsjerke (Rynlân-Palts)
Augustinertsjerke

De tsjerke waard tusken 1768 en 1771 boud op it plak fan in sûnt 1260 boude goatyske tsjerke. De bouwers wiene de Augustiner hearemiten, dy't ek de foargonger boud hiene. Harren kleaster stie dêr sûnt 1260 oant de sekularisaasje fan 1803. De boumaster fan de tsjerke is ûnbekend.

Nei de opheffing fan it kleaster yn 1893 waarden de gebouwen it preesterseminaarje fan it doe wer stifte bisdom Mainz.

Arsjitektuer

bewurkje seksje
 
Portaal biskoplike preesterseminaarje Sint-Bonifatius

De tsjerke is in let foarbyld fan barokke bou en wurdt troch de gebouwen fan it seminaarje en oare gebouwen omklamme. Allinne de foarse gevel is te sjen, dy't boppe de oare gebouwen fan de histoaryske binnenstêd útstekt.

Boppe it troch Nikolaus Binterim makke portaal is de kroaning fan Marije te sjen. De himelskeninginne wurdt tusken Augustinus fan Hippo, patroanhillige fan de Augustiner oarder, en syn mem Monika fan Tagaste útbylde.

Súdlik en eastlik fan de tsjerke binne de eardere 18e-iuwske kleastergebouwen en de tsjintwurdige gebouwen fan it seminaarje. De súdlike fleugel fan it kleaster hat ek in ryk portaal mei bylden fan Nikolaus Binterim.

It ynterieur fan de tsjerke niget nei de rokoko. It skip en it koer lykje in ienheid, in konsept dat faker yn de rokoko foarkomt.

De tsjerke makket troch de grutte alters en it plafondfresko, dat yn 1772 troch Johann Baptist Enderle oanbrocht waard, in tige rike yndruk.

Yn 'e tsjerke stiet boppedat in byld fan Marije mei Bern út 1420, dat út de baarnende en yn 1807 ôfbrutsen goatyske Leaffrouwetsjerke rêden wurde koe en letter in plak krige yn de Augustinertsjerke.

It oargel fan de tsjerke is yn 1773 boud troch de bruorren Stumm. It is ien fan de seldsume letbarokke ynstruminten fan de oargelbouwers, dy't foar it measte orizjineel bleaun is. It oargel hat 31 registers op twa manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise en Literatur, op dizze side.