Australyske wite ibis

De Australyske wite ibis (Threskiornis molucca) is in fûgelsoarte út it skaai hillige ibissen (Threskiornis) fan 'e famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1829 troch Georges Cuvier publisearre.

Australyske wite ibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai hillige ibissen (Threskiornis)
soarte
Threskiornis molucca
Cuvier, 1829
IUCN-status: net bedrige
 
Australyske wite ibis.

De Australyske wite ibis is 68,5 oant 76 sm lang en hat in swarte kop en nekke en in lange kromme snaffel. De fearren fan 'e bealch binne foar it measte wyt en de sturt is swart. De striehalsibis, dy't yn itselde gebiet foarkomt, hat glânzgjende swarte wjukken en in swarte rêch.

Fersprieding

bewurkje seksje

De fûgel briedt yn it noarden, easten en súdwesten fan Austraalje en op Ceram (Súd-Molukken). Fierder wurdt de fûgel as swalker op Nij-Guineä en yn Nij-Seelân oantroffen.

Australyske wite ibissen meie graach yn somplân, greiden en sompen wêze, mar se wurde ek yn agrarysk gebiet, rekreaasjegebieten, op jiskebulten en stedsparken sjoen. Ek wurde se wol yn in lânskip mei wat beammen waarnommen.

 
Ibis op in Australysk terras.

Sûnt de jierren 1970 hat de Australyske wite ibis syn tradisjonele ferspriedingsgebiet mear ferlein nei de stedsgebieten Wollongong, Sydney, Perth, de Gold Coast, Brisbane en Townsville. Dêr komt de fûgel lokaal in soad foar yn stedsparken en rekreaasjegebieten.

Stedslju kleie oer tefolle leven en it gestjonk fan 'e briedkoloanjes. Se skite op banken, paden en bylden en kinne in gefaar foar fleantugen foarmje. Ek wurde de fûgels derfan beskuldige dat se syktes ferspriede. Mei dier- en miljeufreonlike maatregels wurdt besocht de oerlêst sa lyts mooglik te meitsjen.

Yn Queensland, New South Wales en Fiktoaria is de fûgel in beskerme soarte.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne twa ûndersoarten:

Nêst en iten

bewurkje seksje
 
Briedende fûgels yn Austraalje.

De Australyske wite ibis is in koloanjefûgel dy't op beammen, yn boskjes of op 'e grûn briedt. De koloanjes kinne tige grut wêze en de nêsten wurde somtiden tsjin inoar oanboud, sadat it ien grut platfoarm wurdt dat troch meardere pearkes brûkt wurde. Sa binne der op ien kante meter wol fiif nêsten teld. Dochs binne de fûgels ek territoariaal en ferdigenje de fûgels harren nêst en de omjouwing. Se binne tsjin de buorlju yn it nêst lykwols ferdraachsumer. Oer it algemien is de Australyske wite ibis monogaam.

De fuortplantingstiid is ôfhinklik fan lokale omstannichheden. Yn guon gebieten briedt de soarte net alle jierren. In nêst bestiet út trije oant fjouwer aaien, in gruttere lechsel betsjut fakentiden dat twa wyfkes aaien yn ien nêst lein ha.

Australyske wite ibissen binne net sinnich en ite wetterdierkes lykas rivierkreeften en moksels. Mei syn lange snaffel graaft de fûgel wringeleaze lân- en wetterdieren op. Ek strune se jiskebulten ôf om itensrêsten fan minsken te sykjen.

It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is tige grut en de populaasje bliuwt stabyl, ek al is net bekend hoe grut de populaasje krekt is. Dêrfandinne stiet de fûgel as net bedrige op 'e Reade List fan de IUCN.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De side is foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside nl:Australische witte ibis en de Dútsktalige Wikipedyside de:Australibis