Azoaren
De Azoaren (Portugeesk: Açores) binne in kloft eilannen yn de Atlantyske Oseaan dy't op in ôfstân fan 1448 km fan it Ibearysk Skiereilân lizze en op goed 2000 km fan it Amerikaanske kontinint. Dizze eilannekloft heart ta Makaroneezje, wat in diel fan Afrika is, en bestiet út njoggen bewenne eilannen. Krekt as Madeara foarmje sy in autonome regio binnen de republyk Portugal. De Azoaren hawwen yn totaal in oerflak fan 2247 km² mei likernôch 250.000 ynwenners. It nasjonale parlemint setelt yn Horta op Faial. De grutste stêd, Ponta Delgada, leit op it eastlike eilân São Miguel.
Azoaren | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Portegal | |
Algemien | |
Haadstêd | Ponta Delgada |
Oerflakte | 2.333 |
Befolking | 245.746 |
Befolkingstichtens | 105,87 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | |
Provinsjes |
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1427 binne de Azoaren troch in kaptein ûntdekt dy yn opdracht fan de Portugeeske prins Hindrik de Seefarder fear. De namme fan dizze kaptein wie mooglik Gonçalo Velho, mar dat is net wis. De eilannen wienen net bewenne en waarden yn de 15e iuw troch de Portegezen befolke mei Frânske en Flaamske kolonisten. Oant yn de 17e iuw soenen de eilannen de Flaamske eilannen neamd wurde, hoewol't de eilannen altyd Portegeesk bleaunen.
Doe de kening fan Spanje yn 1580 ek kening fan Portugal wurde wie, bleau de befolking fan de Azoaren har hjir lang tsjin fersetten. Filips II fan Spanje moast yn 1583 in kombinearre fleat nei de eilannen stjoere om syn bewâld útoefene te kinnen en om Frânske hannelers te ferjeien (Swarte leginde).
Algemien
bewurkje seksjeDe njoggen eilannen fan de Azoaren hawwe allegear in fulkanyske oarsprong. De heechste fulkaan is de "Pico" op it eilân mei deselde namme mei in hichte fan 2351 meter, en dêrmei de heechste pyk fan Portegal. De westlikste eilannen, Flores en Corvo, lizze sikca 500 km fan it súdeastlikste, Santa Maria, wei.
De eilannen binne frij ûnfruchtber en de bewenners libje foar in grut part fan de feefokkerij, mar er wurde ek wyndruven, ananas, bananen en tee ferboud. Yn it ferline stienen de Azoaren bekend om de walfiskjacht. In protte bemanningslju fan de walfiskfarders kamen hier wei. Tsjintwurdich is it sjen nei de walfisken in toeristyske attraksje.
Horta op Faial is in populêre oanlisplak foar sylboaten dy't de Atlantyske Oseaan oerstekke.
Klimaat
bewurkje seksjeDe Azoaren hawwe it hiele jier troch in lykmjittich en konstant klimaat, mei net folle temperatuerferskillen. De temperatuer leit tusken 14,0 en 24,8 °C, wêrby't augustus de waarmste moanne is. It seewetter leit troch de ynfloed fan de Golfstream it hiele jier tusken 16,0 en 22,0 °C .
Reizgje tusken de eilannen en it fêstelân
bewurkje seksjeFaak wurdt tocht dat er maklike reizgje wurde kin tusken en nei de fêstewâl en dat krekt as yn Grikelân it mooglik is fan eilân nei eilân te hoppen. Dat is lykwols net it gefal. Tusken de eilannen Pico, Faila en Sao Jorge binne alle dagen boatferbinningen. Tusken São Jorge en Terceira is er inkele dagen yn de wike in ferbining, mar dizze fart net it heile jier troch. Ek by min waard wurdt er net faren. Wol wurdt er sawat alle dagen flean tusken de eilannen troch de lokale loftfeartmaatskippij SATA. Tusken de fêstewâl en de eilannen is gjin kommersjele ferryferbinning. Wol komme der frachtskippen mar dizze nimme gjin passazjiers mei. Dêrtroch is men dus oanwêzen op fleane. Fleantugen fertrekje alle dagen fan Lissabon en Porto ôf, lykwols komme dy net op alle eilannen.
De eilannen en har gemeenten
bewurkje seksjeCorvo en Flores foarmje de westlike eilannen (net sichtber op bygeande satellietfoto), São Miguel en Santa Maria de eastlike, en de oare eilanne de frij kompakte sintrale kloft. De njoggen Azoaren mei de dêrop lizzende gemeenten binne fan noardwest nei súdeast:
Distrikten fan Portegal | ||
---|---|---|
Aveiro - Beja - Braga - Bragança - Évora - Faro - Guarda - Leiria - Lisboa - Portalegre - Porto - Santarém - Setúbal - Viana do Castelo - Vila Real - Viseu | ||
Autonome regio's: Azoaren - Madeara | ||
· · |
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Réunion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |